Aginda 24–04-2025 en 22-05-2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

logo.ensafh

Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers.

Op 24 april stiet it wurk fan Hylkje Goïnga en Trinus Riemersma sintraal

Hylkje Goïnga koe as gjin oar de finger op it seare plak lizze mei de tragykomyske foarfallen fan haadpersoan Martha. Douwe Kootstra wurke jierren mei de skriuwster gear en kin smaaklik fertelle oer wat er mei har meimakke.… Lês fierder

Aginda 27-03-2025: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

23-03-2025: Presintaasje ‘Leafde yn oarlochstiid’ fan Willem Verf

logo.ensafh

Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?
Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer.… Lês fierder

Aginda 23-03-2025: Lêzing Reitze Jonkman en Arjen Versloot oer it Stedsfrysk

logo.ensafh

Koartlyn ferskynde it boek Het Friese ‘Nederduits’ troch taalwittenskippers Reitze Jonkman en Arjen Versloot. Sjoch ek dit berjocht fan Goeie.frl fan 23 febrewaris lêstlyn. Under oare it Leewadders (Liwwadders), ien fan de farianten fan it Stedsfrysk, komt yn dat boek wiidweidich oan ’e oarder.

De ea sa prestisjeuze stedstaal fan de Fryske elite waard letter as stedsdialekt mei in lege sosjale status rekkene. Hokker histoaryske ûntwikkeilngen binne dêr de oarsaak fan en hokker ûnderlinge taalkudnige beynfloedingen fan it Nederdútsk út de 16e en 17e iuw en it Frysk fan doetiids binne yn de hjoeddeiske wurdskat fan de stedsdialekten en fan it Frysk oan te wizen?… Lês fierder

Aginda 25-05-2025: Dichter op de Deel

logo.ensafh

Achtste editie aan van Dichter op de Deel

Zondag 25 mei om 14.00 uur (inloop 13.30 uur)

Thema: Letterlânskip

Dichter op de Deel is een meertalige poëziemiddag met dichters in het Nederlands, Fries en Gronings. De Friese stelpboerderij vormt een unieke locatie, de line-up is veelbelovend:

Tsead Bruinja, Aly Freije, Sytse Jansma, Anne Broeksma, Kasper Peters, Sholeh Rezazadeh, Alexander Moto, Gabriëlle Terpstra en Dien L. de Boer.

Muziek: Sietske Trinks, Johannes Terpstra en Elvire Boelee.

Sjoch foar mear ynformaasje by DichteropdedeelLês fierder