Aginda 30-01-15: Grutte poëzijmarathon fan literêr tydskrift Ensafh

logo.ensafh

Grutte Gedichtejûn 2015

Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 30-01-2015 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.… Lês fierder

Aginda 18-12-14: Midsieuske manuskripten op de merk

logo.ensafh

18-12 Midsieuske manuskripten op de merk

Lunsjlêzing troch dr. Erik Kwakkel, ûndersiker oan de Universiteit fan Leiden.

Dat men yn de Midsieuwen boeken lies sil nimmen nij dwaan. Dat dy boeken hiel faak net yn kleasters makke waarden is lykwols minder algemien bekend. Fan de trettjinde ieu ôf bestie der in goed organisearre handel yn boeken, wêrby’t manuskripten tsjin winst skreaun, fersierd en ferkocht waarden. Wylst de kleasters stadichoan bûtenspul kamen te stean, sjogge wy yn dizze wrâld fan winst en konkurrinsje de kontoeren fan ús moderne boekebranche opdûken. Opfallend is bygelyks de ferbreding fan it oanbod. Sa koene der goedkeape en djoere ferzjes fan in boek besteld wurde, waard papier yntrodusearre as oanfolling fan perkamint, en presintearren kopiïsten nije lettertypen.… Lês fierder

Aginda 28-03-15: Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de wrâld 2.0 Jonge Friezen mei kulturele ambysje’

logo.ensafh

Fryslân en de wrâld 2.0
Jonge Friezen mei kulturele ambysje

It biedwurd ‘Fryslân en de Wrâld’ is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy’t de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinaavje en net op Hollân – en mear.
Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip op om har idealen stal te jaan. De bloeitiid fan de Mienskip as organisearre klub duorre net sa lang, mar it losmakke élan late ta wat algemien de ‘Jongfryske beweging’ neamd wurdt.… Lês fierder

Aginda 07-12-14: Hylke Speerstra yn De Spylder, Warns

logo.ensafh

De bekendste levende Friese schrijver die in het Fries publiceert, Hylke Speerstra is zondag 7 december om 15.00 uur te gast in De Spylder in Warns.
Naast Geert Mak is hij de bekendste chroniqueur van Friesland. Afgelopen maand verscheen zijn nieuwste boek, Op klompen troch de dessa, over de Friese Indiëgangers en de impact van hun verblijf op de rest van hun leven.
Kaarten via www.despylder.nl

Boarne: Bolswards NieuwsbladLês fierder

Aginda 01-12-14: debat oer wurdlist en stavering yn Tresoar – bywurke

logo.ensafh

Nei in perioade fan stilte om it Fryske Griene Boekje en de offisjele stavering fan ús taal hinne, is de diskusje dêroer hommels wer folop yn ‘e ûntbrând. Der is kommende moandei (1 desimber) sels in iepenbiere debatjûn oer. Dêr binne ek leden fan Provinsjale Steaten by oanwêzich.

Lêzers dy’t de arguminten yn de diskusje nochris hearre wolle of der fragen oer hawwe, kinne moandei telâne by Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. De sprekkers binne Jelle Bangma (meiwurker taalsintrum Frysk), Peter van den Bergh (jurist), Koen Eekma (direkteur Afûk), Tanneke Schoonheim (wurdboekmakker by it INL), Jan Schotanus (skriuwer en oersetter) en Henk Wolf (taalkundige en dosint Frysk).… Lês fierder