Aginda 27-11-14: Ljouwerter Poëzij Jûn

logo.ensafh

Op 27 novimber is yn De Bres is in spesjale Fryske ôflevering fan de ‘Leeuwarder Poëzie Avond’. Trije dichters joegen de ôfrûne tiid workshops poëzij yn Tresoar. No bringe se eigen wurk en fertelle ek wat oer har ûnderfiningen mei de workshops.

• Arjan Hut wie twa jier stedsdichter fan Ljouwert. Syn wurk út dy tiid ferskynde yn de bondel 05|06. Letter kaam Tin (2010). Hut besprekt muzyk foar de Moanne en it Friesch Dagblad. Yn syn workshop hat er de ‘taalsintra wer-skikt om der poëzij út te krijen’.

• Elmar Kuiper is aktyf as skriuwer fan gedichten en toaniel. Hy is ek byldzjend keunstner, performer en filmmakker en wurket er sa no en dan as ynfalkrêft yn ’e psychiatry.… Lês fierder

Aginda 13-11-14: Lêzing Marga Claus Easterwierrum

logo.ensafh

Lezing door Marga Claus over haar nieuwste boek Kompleten, afgewisseld met Sacrale Dans.
Deze avond hebben we in januari 2014 tijdens de Week van de Spiritualiteit in Boksum gehouden. Het was een bijzondere, ontroerende avond en voor wie deze avond gemist heeft is dit een tweede kans!
Kosten: € 10,00 p.p. (incl. koffie/thee).
Tijd: 20.00u-22.00u (inloop vanaf 19.45u).

Foar mear ynfo: De Wite FûgelLês fierder

Aginda 13-11-14: Lêzing Meindert Reitsma ‘Fan Skanomodu oant gnúfkamera: oer de ûntwikkeling fan it Frysk’

logo.ensafh

‘Fan Skanomodu oant gnúfkamera: oer de ûntwikkeling fan it Frysk’. Dat is de titel fan de lêzing dy’t ik op tongersdei 13 novimber o.s. de jûns jaan sil op it Leeuwarder Lyceum. Der binne dy jûn folle mear lêzings (sjoch foto). Je betelje twa euro foar in lêzing en de opbringst giet nei in goed doel, te witten de wykeinskoalle Baljée Ljouwert. Net stinne, mar hinne! Oant sjen.

10662072_1563289460571639_8683046263581588505_o

Boarne: FacebookLês fierder

Aginda 13-11-14: Lêzing drs. Oscar Strik ‘A history of strong and irregular verbs in Frisian’

logo.ensafh

Twadde lêzing yn sûkerbôle-rige

De ôfdieling Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins organisearret in rige lêzings op it mêd fan Fryske taal en kultuerskiednis. Spesjalisten en belangstellenden wurde op ferskate dissiplines mei-inoar yn de kunde brocht, ûnder it geniet fan in stik sûkerbôle. Eltse lêzing duorret likernôch 20 minuten, nei de tiid is der gelegenheid foar diskusje.
De twadde lêzing fan Drs. Oscar Strik is op tongersdei 13 novimber 2014 om 17:00 oere yn it Harmonygebou te Grins. Graach oant dan!

***

U bent van harte uitgenodigd voor de lezing van drs. Oscar Strik op donderdag 13 november om 17 uur in het Harmoniegebouw, Oude Kijk in ’t Jatstraat 26 in Groningen, zaal 1315.0037.… Lês fierder

Aginda 15-11-14: Kongres oer literatuer yn lytse talen yn Hoogeveen

logo.ensafh

Is der in takomst foar boeken yn minderheidstalen? Is der skielk noch wol in merk foar, no’t de sprekkersoantallen tebekrinne en hieltyd mear boekhannels de doarren slute moatte? En as der dochs boeken yn minderheidstalen ferskine, hoe bliuwt de literatuer yn dy taal dan yn beweging? Wa lêst de boeken? Wa noeget de skriuwers út om foar te dragen of om oer harren wurk te fertellen? Wa diskusjearret oer it wurk? Wa resinsearret it? Wa helpt skriuwers om better te wurden yn harren fak?

Elkenien dy’t sokke fragen wolris stelt of dy’t se nijsgjirrich fynt, is wolkom op ‘e jierlikse Streektalenconferentie, dy’t dit jier folslein yn it ramt fan de literatuer yn lytse talen stiet.… Lês fierder