Aginda 15-11-14: Fjirde Fedde Schurerlêzing

logo.ensafh

It tema fan de fjirde Fedde Schurerlêzing is: “De toekomst van regionale media”. Sprekkers binne Henri Beunders (heechlearaar media oan de Erasmusuniversiteit) en Jan Koster (direkteur Omrop Fryslân).
De tagang ta de lêzing is fergees, mar oanmelding by Tresoar wurdt​ op priis steld (ynfo@tresoar.nl).

​De Fedde Schurerlêzingen, op it snijflak fan taal, polityk en kultuer. wurde organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging yn gearwurking mei Tresoar en it Ljouwerter Histoarysk Sintrum.

Boarne: TresoarLês fierder

Aginda 26-09-14: Boekpresintaasjes útjouwerij HotSum yn restaurant Stoof

logo.ensafh

Boekpresintaasjes útjouwerij HotSum yn restaurant Stoof

Op freed 26 septimber wurde twa boeken presintearre dy’t koartby publisearre binne troch de útjouwerijen HotSum en De Contrabas. Dat sil plakfine yn Restaurant Stoof, Franekereind 23, 8861 AA, Harns.

Yn de Fryske essaybondel Alde Meuk? ûndersykje trije Fryske wittenskippers it ferskynsel ‘klassike boeken yn it Frysk’. Dizze bondel is ûntstien troch gearwurking fan útjouwerijen HotSum, De Contrabas en it Sirkwy Sympoasium. Dêrnei sjocht de Frysk-Nederlânsktalige bondel Tei-iizje / Lok-azen fan Aggie van der Meer (1927) it ljocht. It is har sechsde dichtbondel.

Programma

16.30 oere Ynrin mei kofje en wat derby
17.00 oere Presintaasje
Sprekkers: Chrétien Breukers fan De Contrabas, Jetske Bilker fan útjouwerij HotSum en Teake Oppewal fan Sirkwy Sympoasium
18.00 oere Utrikking Tei-iizje / Lok-azen fan Aggie van der Meer
Aggie van der Meer lêst út eigen wurk

Nei ôfrin kinne jo yn klassike styl ite: der is in spesjaal menu ‘Alderwetsk lekker’ yn de foarm fan in stoofpriuwerij foar de priis fan € 15,-.… Lês fierder

Aginda 26-09-14: Presintaasje dichtbondel en essays HotSum

logo.ensafh

26 septimber om 17.00 oere wurde yn It Heerenlogement yn Harns de nije dichtbondel fan Aggie van der Meer presintearre, tegearre mei de bondel mei de folsleine essays fan it Sirkwy Sympoasium 2014. Yn dy bondel steane de útwreide stikken nei oanlieding fan ‘Alde Meuk? – Klassikers yn de (Fryske) literatuer’ dy’t Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege en Eric Hoekstra skreaunen en op 12 april yn Feanwâlden presintearren.… Lês fierder

Aginda 25-09-14 Leeuwarder Poëzie Avond

logo.ensafh

Leeuwarder Poëzie Avond 25 september 2014. Aflevering 32 jaargang 8. Op donderdag 25 september wordt er weer een Leeuwarder Poëzie Avond gehouden in kunstcollectief ATTEL-J. met: MARLOES ROBIJN, HEIDI VAN DIJK, JAN KETELAAR, DIEN L. DE BOER, JAN KLEEFSTRA, BAS RIJKSEN, EDDIE MULDER, DJ FRISO. Marloes Robijn uit Utrecht, (oorspronkelijk Burgwerd) de winnaar van de Poetry Slam Leeuwarden 2014 schrijft verhalen en gedichten. Ze droeg haar poëzie voor op o.a. Onbederf’lijk Vers, Dichters in de Prinsentuin en bij de Literaire Nachtclub in Tivoli. Sinds kort betreedt ze ook af en toe een slampodium. (een slam is een strijd tussen dichters, die elkaar met woorden om de oren slaan, waarbij het gaat om de zelfgeschreven poëzie, maar ook om de voordracht).Lês fierder