20-10-13 Diet Huberfeest

logo.ensafh

Diet Huber wie in dûbeltalint, se makke ferskes yn it Frysk en yn it Nederlânsk en yllustrearre se sels. Diet wie boartlik en linich fan geast en makke de prachtichste ferhaaltsjes op rym.Wa hat noch nea heard fan Tutte mei de linten? Of De biezem en de bjinder? De walfisk en de prom? It karke fan bakker Harke? Klaas Krintsje?

Op 17 oktober soe se 90 jier wurden wêze en har jierdei wurdt postúm fierd yn Wier mei it foardragen fan har gedichten troch jong en âld. De jongste is 7 jier, de âldste hat de 70 al achter him litten.… Lês fierder

12-10-13 Boekemerk yn Drachten

logo.ensafh

As ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek organisearret de stichting Boeken fan Fryslân op sneon 12 oktober fan 11.00 oere ôf oant 17.00 oere de boekemerk yn Drachten op it Frânske Pleintsje (Noarderbuert). Alle útjouwers yn Fryslân presintearje dêr harren nijste romans, berneboeken, non-fiksjeboeken ensafh. Neist de nije útjeften is der ek wer in ferskaat oan oprommingsboeken.

Fierders hawwe jo de gelegenheid om yn kontakt te kommen mei jo favorite auteur. Skriuwers as
Ferdinand de Jong, Rommert Tjeerdsma, Auke Zeldenrust, Marga Claus, Auck Peanstra, Baukje Wytsma, Elske Schotanus, Hilda Talsma, Tineke de Jager-van der Zee, Sipke de Schiffart, Eric Hoekstra, Jan Schokker, Geart Tigchelaar ensafh.… Lês fierder

25-10-13 Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

De sechste Dei fan de Fryske taalkunde sil, lykas de foarige kearen, wer in ynformeel karakter hawwe. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde, folle net genôch. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presentaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Wannear: freed 25 oktober 2013 (kolleezjefrije wike)
Wêr: Fryske Akademy, It Aljemint, Doelestrjitte 2-4, Ljouwert

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar lêzing, 10 minuten foar fragen).… Lês fierder