23-05-13 Bustocht Troelstra en it wetterlân

logo.ensafh

Teroele

Lyts tsjerkhôf, grien tropke beammen,
Ald plakje, do hillige grûn,
Wat leiste dêr stil oan dyn marke,
Sa stil yn ’e goudene jûn!

Piter Jelles Troelstra hat net allinne Teroele – it plakje tusken Sint Nyk en Langwar dêr’t syn foarfaars weikamen – besongen, mar ek gâns oare gedichten oer it wetterlân makke. Om’t wy ferline jier net elkenien dy’t belangstelling foar de Troelstrabustocht hie meinimme koene, organisearje wy dit jier fannijs in tocht ûnder de betûfte lieding fan Piet Hagen en Tineke Steenmeijer-Wielenga. Diskear leit de klam net op it noarden fan Fryslân, mar op it wetterlân. Wy dogge Stiens en Bitgummole wol oan, mar geane dêrnei nei Teroele, en dêrnei troch it wetterlân nei Grou en Wergea.… Lês fierder

23-04-13 Presintaasje samling fûgelpoëzij ‘Oer de Wjuk’

logo.ensafh

De organisatoaren fan it projekt ‘Kening fan ’e greide’, útjouwerij Bornmeer en it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar noegje jo hjirby fan herte út om oanwêzich te wêzen by in spesjale jûn oer fûgels en fûgelpoëzy. De jûn wurdt hâlden op 23 april 2013 yn it atrium fan Natuurmuseum Fryslân, Skuonmakkersperk 2, 8911 EM Ljouwert.

Yn it ramt fan it projekt ‘Kening fan ’e greide’ hawwe op tal fan plakken boargers fan Fryslân formulearre hoe’t sy de takomst fan de greidefûgel yn Fryslân sjogge en wat neffens har op ’e koarte en lange termyn dien wurde moat. Al dy boargersjuerys sille de 23ste april mienskiplik har útspraak dwaan.… Lês fierder

28-04-2013 Hommagemiddag rond Tsjêbbe Hettinga

logo.ensafh

Tsjêbbe Hettinga was een van onze grootste dichters. Tot ver over de landgrenzen reikt zijn naam en regelmatig was hij te gast op internationale poëziefestivals. Zijn werk is vitaal, onsentimenteel en episch. Vergankelijkheid, heimwee, dood en liefde en het, (Friese) landschap, worden door hem groots bezongen.

Deze middag zou hij zelf zijn gedichten komen lezen. Hij overleed op 7 maart. Het programma krijgt nu de vorm van een hommage door de collega-dichters en vrienden die hem en zijn werk het beste gekend hebben.

Zijn poëzie zal zowel in het Fries als in het Nederlands gelezen worden, door dichter Tsead Bruinja en zangeres Nynke Laverman, die op haar nieuwste cd een tekst van Hettinga zingt.… Lês fierder

05/06-04-13 Frysktalige klucht Dûbel Op

logo.ensafh

Kommende freed en sneon spilet toanielselskip ‘Op’e Nij Feriene’ út Bantegea de Frysktalige klucht ‘Dûbel Op’ ûnder rezjy fan Marten de Boer yn Theater Sneek. It is de twadde útfiering fan it winterskoft 2012-13 fan Teater Snits. Diskear dus net troch de eigen toanielploech omdat dy drok binne mei de tariedings foar it iepenloftspektakel ‘De Drie Gebroeders’. De ploech út Bantegea komt lykas Teater Snits út yn de Eare Klasse. Beide toanielferienings spylje de lêste jierren yn de top fan de Eareklasse. Nei ôfrin fan de foarstellingen is der dûnsjen mei Petje Af. Oanfang op beide jûnen is om 20.15 oere in Theater Sneek oan de Westersingel yn Snits.… Lês fierder

13-04-13 Literêr Sirkwy set útein mei in kursus Better Presintearjen!

logo.ensafh

Workshop jûn troch Philip Curtis

Net eltse skriuwer of dichter dy’t wolris op in poadium stiet, is like wis fan syn stim en hâlding by it foar it ljocht bringen fan poëzy of ferhalen.
Hoe brûkt men bygelyks in mikrofoan? Wêr lit men syn hannen?
At jo graach ris wat tips en hânfetten krije wolle soenen om dat better oan te learen, dan krije jo dêr no de kâns foar.

Op sneontemiddei 13 april wurdt der in ynteraktive kursus jûn foar skriuwers (Frysk, Hollânsk, dialekt) dy’t harren poadiumpresintaasje ferbetterje wolle. De kursus is in ferfolch fan op dy fan it skriuwerswykein yn Riis yn 2012, mar is likegoed nijsgjirrich foar minsken dy’t foar it earst meidogge.… Lês fierder

04-04-13 POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK

logo.ensafh

UITNODIGING POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK

met: Jochem Hamstra, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tjibbe Hooghiemstra

Op donderdag 4 april vanaf 19.30 uur bent u welkom op een informele avond waarbij de Friese dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema voordragen uit eigen werk. Zowel in het werk van Hettinga als Feddema speelt de beeldende kunst een grote rol.

De huidige exposanten Jochem Hamstra en Tjibbe Hooghiemstra zijn deze avond aanwezig en nodigen u uit met hen in gesprek te gaan over hun tentoongestelde werk.

Om te voorkomen dat u vergeefs naar Gorredijk komt vragen we te reserveren via 0513 465178 of via info@galeriehoogenbosch.nl… Lês fierder

12-03-13 Poezijmiddei te Koarnwert

logo.ensafh

Poezijmiddei te Koarnwert

Datum: 12 maaie 2013 yn de tsjerke fan Koarnwert

Tiid: 14.00 -16.00 oere

Doel fan dizze bijienkomst: wij noegje de leden en eventuele oare belangstellenden út om ien of heechstens twa gedichten foar te lêzen dy’t har yn ’t bysûnder oansprekke. It is de bedoeling dat de meidoggers dêrbij yn it koart (foar of nei it foarlêzen) útlizze wat har no presys sa yn it hert rekke hat bij it keazen gedicht. De foarlêzers wurdt fersocht om har teksten nei ôfrin oan Geart van der Meer te oerlangjen. Dy stikjes wurde dan yn de earstfolgjende WJERKLANK en/of op it webstee publisearre.… Lês fierder