Aginda 26-04-2023: It literêr sirkwy – dielnimmers kursus Poëzy skriuwe

logo.ensafh

Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren. Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés yn Fryske oersetting en yn it Katalaansk foardroegen wurde.

Wolkom!

Datum: 26 april
Tiid: 20.00-22.00 oere
Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1, 8911 DH)

Tagong: fergees

Dichters: Sigrid Kingma, Carla van der Zwaag, Janna van der Meer, Tanja van Abbema, Ypie Haitsma, Anne Heegstra, Christa Niklewicz, Marije de Lange, Syds Wiersma, Ignasi Ripoll

Lês fierder

Aginda 22-04-2023: Boek- en Roazedei

logo.ensafh

Nei it sukses fan ferline jier wurdt de Boeke- en Roazedei dit jier op ’e nij fierd yn Ljouwert. Dat sil wêze op sneontemoarn 22 april yn de Afûk-winkel en by de ‘Love’-fontein fan Jaume Plensa, bekend fan de 11fountains. De Afûk Fryske boek- en kadowinkel wurket dizze kear ek wer mei ANC-Nederland gear. Der wurde gedichten yn it Frysk en it Katalaansk foardroegen. Klanten yn de Afûk-winkel krije in roas by oankeap fan in boek.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Aginda 20 en 21-04-2023: Sjong-yn en lietejûn – Hindrik van der Meer: in libben yn muzyk en taal

logo.ensafh

Al mear as in heale iuw lang spilet Hindrik van der Meer (Bantegea 1938) in belangrike en ynspirearjende rol yn de Fryske wrâld fan muzyk en literatuer. Fryske literêre teksten waarden troch him op muzyk set. Foar tsjerke en foar bern makke hy muzyk dy’t noch altyd mei wille en nocht songen en spile wurdt troch jong en âld.

As earbetoan oan Hindrik van der Meer en syn rike oeuvre organisearje Tresoar en Utjouwerij DeRyp op 20 en 21 april in oantal aktiviteiten.

Op freed 21 april fynt yn Tresoar in grut sjongfeest plak. Middeis (programma-ûnderdiel 1) sille wy ûnder lieding fan Klaartje van Dokkum en Jelma Wiegersma meiinoar sjonge út de krekt ferskynde bondel ‘Kom en Sjong’.… Lês fierder

Aginda 18-04-2023, 23-05-2023 en 27-06-2023: Trijelûk oer de biografy

logo.ensafh

In biografy is in ferhalende libbensbeskriuwing fan in persoan dy’t ynsjoch jout yn it karakter fan dy persoan. As lêzer dûkst hielendal yn dat libben: alles komst te witten, fan hichtepunten oant djiptepunten. Mar hoe is it om in biografy te skriuwen? Tal fan aspekten komme dêr by oan de oarder: boust de tekst gronologysk of tematysk op? Beneamst alle foarfallen of litst wat wei? En wat is it kritearium?

Yn trije jûnen, elk mei in eigen ynfolling mar mei de biografy as mienskiplik tema, stean ferskate fasetten sintraal. . Sa stean we stil by it sjenre biografy en watst tsjinkomst by it skriuwen fan in libbensferhaal, twa biografen fertelle oer har ûnderfiningen en ûndersyk en ta beslút komt de wittenskiplike biografy oan de oarder.… Lês fierder

Aginda14-04-2023 en 19-04-2023: Presintaasje blomlêzing Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel ‘Te pearde–Te
peerde’ dy’t gearstald is nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing ‘Te pearde–Te peerde’ gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. It boek wurdt útjûn troch Utjouwerij DeRyp en ferskynt boppedat as bysûndere útjefte fan kultureel tydskrift de Moanne.… Lês fierder

Aginda 08-04-2023 o/m 23-04-2023: Lost Words yn De Gerdyk

logo.ensafh

Lost Words

Oer wurden dy’t yn it proses fan oersetten ferlern geane; it saneamde Lost In Translation. Dat wie ynearsten de opset fan it projekt mei de namme Lost Words. 16 wurd-en byldkeunstners binn’ dêr oer teset gien, mar lieten har net beheine en “de scope” is aloan grutter wurden; omtinken foar de kontekst, foar wurden dy’t yn ûnbrûk rekke binne, troch de tiid ynhelle, wurden dêrts’t net opkomme kinst en de spanning dy’t dat opsmyt. De keunstners geane der allegear op har eigen wize mei oan de haal en wat dat opsmiten hat oan meartalige wurken foar oan de muorre, gedichten, objekten en wat al net is fan 8 april ôf te sjen op De Gerdyk by galery Nynke&Blom oant en mei 23 april en dêrnei yn galery Weerdruk yn Amsterdam oant en mei 21 maaie.… Lês fierder

Aginda 02-04-2023: Nije Streekdichter moetet âld-Streekdichter

logo.ensafh

Nije Streekdichter moetet âld-Streekdichter yn boekhannel Van der Velde

Op 2 april trede de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Pieter van der Zwaag, en Geart Tigchelaar tegearre op yn boekhannel Van der Velde te Dokkum. Sa kin elk yn de kunde komme mei Van der Zwaag en de bondel fan Tigchelaar.

Op 26 jannewaris dit jier hat Pieter van de Zwaag it stokje oernommen fan âld-Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar. Van der Zwaag, oarspronklik út Eastrum, sil twa jier lang oan de slach as dichter fan ’e streek. Tigchelaar hat syn twa jier Streekdichterskip bondele yn Oer de streek.

De twa dichters moetsje inoar yn boekhannel Van der Velde yn Dokkum op 2 april tusken 14:00 en 15:00 oere.… Lês fierder