07-02-12 Doperske dichteressen

logo.ensafh

Jannie van der Kloet fertelt oer de dichteressen Cynthia Lenige, Francijntje de Boer en Fenna Mastenbroek.
Albertina Soepboer (26-1) en Janneke Spoelstra (7-2) geane yn op it wurk fan Rixt, skûlnamme fan de dichteresse Hendrika Akke van Dorssen út Grou.
Tine Bethlehem draacht wurk foar fan Rixt en fan harsels.

Tongersdei 26 jannewaris 2012 en tiisdei 7 febrewaris 2012 fan 13.30 – 17.00 oere
Kosten foar de middei plus rûnlieding troch de útstalling ‘Menno!’: € 3,00.

Foar fierdere ynformaasje opjefte en/of oanmelding: ynfo@tresoar.nl of 058-7890789

Over het water gaan
Bij de achteringang van de Grouster vermaning

Hidde, Nardus, Tseard, Jelle, Jurre gaan
over het water met Japke, Jaantsje, Anne, Bauck

gaan; over het Pikmeer geroeid, in de haven gemeerd;
volgen het pad achterom, lichten de klink van de kleine
geheime deur; komen thuis in hun leerhuis, Godshuis;
zoeken zin en vertroosting.… Lês fierder

12-02-12 Yn de argiven sjongt de tiid

logo.ensafh

In de argiven sjongt de tiid, in ferrassende muzikale űntdekking út de argiven fan Tresoar

Yn 2012 is it tsien jier lyn dat Tresoar ta stân kaam. Oan it tsienjierrich jubileum sil, troch it jier hinne, mei ferskate aktiviteiten oandacht wurde skonken.

Op 12 febrewaris wurdt úteinset mei in Tresoarkonsert dat as motto hat ‘In de argiven sjongt de tiid’.

Yn de kolleksjes fan Tresoar wurdt út en troch blędmuzyk fűn. Somtiden giet it om stúdzjemateriaal fan learlingen, somtiden ek om muzyk dy’t komponearre of bewurke is troch Fryske musisy. Tresoar wol dizze, faak űnbekende, muzyk yn konserten hearre litte.
It konsert op 12 febrewaris is wijd oan de muzyk dy’t troch in tal leden fan de adellike famylje Van Humalda van Eysinga komponearre is.… Lês fierder

31-01-12 De romans fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

Bibleteek It Hearrenfean, oanfang 20:00 oere

Dien wurk

Besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma

Yn 2000 wûn Koos Tiemersma in Rely Jorritsmapriis mei syn ferhaal ‘Job, in alter’, it startsein fan in suksesfolle literêre karriêre. Der ferskynden fiif titels: De ljedder 2002, De mjitte 2004, It liet fan de ibis 2006, Mindgames 2007 en Under wetter 2009. Doe hâlde Tiemersma der earst mei op; syn doel is om twatalich fierder te gean.
Is it mooglik om in syntetysk oardiel te jaan oer de fiif proazawurken fan Tiemersma? Wat is de ûntjouwing yn styl en tematyk? Binne der weromkommende tema’s en motiven?… Lês fierder

29-01-12 Literêr Sirkwy Sint Jabik

logo.ensafh

Literêr Sirkwy 29 jannewaris

It Skriuwersboun organisearret op 29 jannewaris it Literêr Sirkwy. Diskear sil it plakfine yn de Groate Kerk yn St. Jabik. De dichter Abe de Vries, dy’t in soad publikaasjes op syn namme hat, is tige warber as blogger is op ynternet. Elske Kampen hat al in soad prizen foar har poëzij wûn en har debút, Fan glês it brekken, hat in bulte positive reaksjes rispe. Dizze middei ferwachtsje wy in soad fan har.

Ernst Langhout hat as muzikant in lange steat fan tsjinst en hat faker as ienris mei dichters en fertellers optreden. Bennie Huisman fertsjinne as sjonger en ferhalenferteller syn spoaren mei in breed repertoire.… Lês fierder

26-01-12 Nationale Gedichtendag

logo.ensafh

Foar aktiviteiten yn Fryslân yn it ramt fan Nationale Gedichtendag: klik hjir.

Net op boppesteande side:

In het kader van de nationale gedichtendag 2012 dragen op donderdag 26 januari  11 van de 17 FersWevers voor uit eigen werk. Het betreft diversen typen poëzie, zowel in het Nederlands als in het Frysk. De muzikale omlijsting wordt verzorgd dor het duo DetsLaif.

Locatie “Beleefbibliotheek, Drachten van 19.30 tot 21.00 uur. De toegang is gratis. Iedere poëzie-liefhebber wordt hierbij uitgenodigd.

Op 26 januari is het Nationale gedichtendag. Connexxion laat u, in samenwerking met provincie Fryslân en Tresoar, op een leuke manier kennis maken met Friese gedichten.

Lês fierder

26-01-12 Grutte gedichtejûn Ensafh yn Snits

logo.ensafh

Grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift Ensafh

Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 26-01-2012 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom.… Lês fierder