29-10-11 Kimswerter Boekemerk

logo.ensafh

KIMSWERT – De Kimswerter Boekemerk komt der wer oan. Al wer foar de achtste kear. Op sneon 29 oktober binne der yn it Doarpshûs Piers Stee wer tûzenen Fryske boeken te besetten. Yn alle soarten en maten en fan in hiel soad Fryske skriuwers. Ek berneboeken. It begjint moarns om 10 oere.… Lês fierder

26-10-11 Ik en wij in Fryslân

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Maand van de Geschiedenis organisearret de Fryske Akademy op woansdei 26 oktober de workshop ‘Ik en wij in Fryslân. Vormen van Friese identiteit door de eeuwen heen’. Fan 14.00 oere ôf litte fjouwer spesjalisten harren ljocht skine oer spesifike foarmjouwers fan de Fryske identiteit yn de Midsieuwen en yn de Ier-moderne Tiid. De workshop wurdt holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. Opjefte yn it foar is net nedich en de tagong is fergees.

Prof. dr. Hans Mol giet yn op de foarmjouwing en it yn kultuer bringen fan it Fryske lânskip fan de Stellingwerven.… Lês fierder

22-10-11 Poëzie in de Oldehove

logo.ensafh

Tijdens de Dag van de Leeuwarder Geschiedenis op 22 oktober aanstaande zal er een poëzieavond worden gehouden in de Oldehove. Bekende Friese dichters zullen er gaan voordragen, maar ook enkele minder bekende poëten zullen het unieke podium boven in de Oldehove gaan betreden. Zeker is dat allen naast hun ‘gewone’ eigen werk minstens één gedicht over de Oldehove gaan voordragen. Arjan Hut (ex stadsdichter van Leeuwarden) is een Fries schrijver/dichter, die vooral in het Fries schrijft, maar soms in het Nederlands. Zijn bekendste gedichten zijn ‘Under de Toer’ en het lange voordrachtsvers ‘Fjoertoer de Aldehou’. Yva Hokwerda woont en werkt dicht bij de Oldehove.… Lês fierder

13-10-11 Presintaasje Samle fersen D.A. Tamminga

logo.ensafh

Eala!

Hjirby wurde jo fan herten útnoege om by de presintaasje te wêzen fan de Samle fersen fan D.A. Tamminga.

De Fryske fersen fan Tamminga en de troch Tamminga út oare talen yn it Frysk oersette gedichten ferskine no foar it earst allegearre yn ien mânske bân (743 siden) mei dêryn in dvd (mei  pdf) dy’t de net-bondele fersen befettet (471 siden). De bondel, mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga, ferskynt as nûmer 18 yn de saneamde Holder-rige fan de Fryske Akademy. De fersen binne besoarge troch Tineke Steenmeijer en Jelle Krol.

De presintaasje wurdt hâlden yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek en sil plakfine op 13 oktober yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert.… Lês fierder

16-09-11 oant en mei 16-10-11: Aktiviteiten Moanne fan it Fryske Boek

logo.ensafh

De Moanne fan it Fryske boek 2011

Op 16 septimber giet Moanne fan it Fryske Boek fan start. Foar de twadde kear in moanne grôtfol Frysk-literêre aktiviteiten oant en mei 16 oktober 2011.
Oer en mei skriuwers, muzikanten en boeken.

De Moanne begjint mei in spetterjend Frysk boekefeest, tuskentiids op 1 oktober rydt de literêre trein en as ôfsluting wurdt de Reis-Aksje mei de Fryske ferfiersmaatskippijen en tal fan musea en galeriën wer hâlden.

Mei tal fan wedstriden, tochten, lêzings, literêre jûnen, middeis fan de Fryske smaak, wurdt dit festival optúgd.
It Aksjeboek foar bern ‘De bisteboel fan omke Roel’ en it Kadoboek fan Hylke Speerstra ‘De treastfûgel’ is yn de Moanne fan it Fryske Boek rûm foarriedich by de boekhannel.… Lês fierder