24 oant en mei 28-11-10: Wintertuin

logo.ensafh

Woensdag 24 t/m zondag 28 november in Nijmegen

Op het grootste literatuurfestival van Nederland niet alleen literaire zwaargewichten als Tommy Wieringa, Adriaan van Dis, Bernlef, Kader Abdolah, Peter Verhelst en Douwe Draaisma, maar ook poëzie op muziek door Elle Bandita, Daily Bread, Mintzkov, Dez Mona, La Femme Belge en The Boney King of Nowhere. Plus verrassende nieuwe Wintertuinproducties als een filmverboeking, een podiumstrip, poëzie-animaties en teksttheater. En dan zijn er nog colleges, masterclasses, debatten en quizzen die dieper in gaan op het festivalthema: ‘Het woord en het wit’.

Lês fierder by KempisLês fierder

02-12-10 Presintaasje Canterbury Tales

logo.ensafh

U t n o e g i n g

foar de feestlike presintaasje fan de oersetting fan de Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer troch Klaas Hoekstra (mei lêzing en muzyk, kofje en resepsje nei) op tongersdei 2 desimber fan 15.00-17.00 yn Tresoar, Bûterhoek 3 yn Ljouwert.

Op de deis fan ‘e presintaasje is it boek foar 25 euro te keap!

Titel: Canterbury Ferhalen
Skriuwer: Geoffrey Chaucer
Oersetter: Klaas Hoekstra
Tal siden: 565
Priis: € 35

Mear oer it boek:

Tritich minsken binne ûnderweis nei Canterbury. Se komme út alle lagen fan ‘e midsieuske maatskippij.
Foar de ien is it in spirituele reis, foar de oar is it in fakânsje.
Lês fierder

30-11-10 Lêzing Tromp oer poëzij

logo.ensafh

Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is der ferskynd?
Mar benammen ek: is it de muoite wurdich? Efterinoar sille Hylke Tromp, Bouke Oldenhof, Alpita de Jong en Doeke Sijens in persoanlik oardiel jaan oer de sjenres der’t se yn it Fryske literere fjild algemien as ekspert yn jilde.

Data en sprekkers:

30 nov – Hylke Tromp, ‘De tromp fan Driessen’, oer de poëzij

Lês fierder

19-11-10 Konferinsje Slauerhoff

logo.ensafh

Op 19 novimber organisearret it Obe Postma Selskip yn Tresoar in landlike konferinsje oer Jan Jacob Slauerhoff (sjoch www.obepostma.nl). Sân sprekkers sille it wurd fiere. Guon lêzings geane oer Slauerhoffs heitelân; ek syn relaasje mei de Fryske dichter Obe Postma en de skriuwer Terborch binne tema’s dy’t op it aljemint komme sille. De lêzings wurde begjin 2011 yn boekfoarm útjûn. Lykop rinnend oan de konferinsje organisearret Tresoar in útstalling oer Slauerhoff.

Lês fierder by SkanomoduLês fierder