30-10-10 Boekemerk Tresoar

logo.ensafh

30-10 Boekemerk Freonen Tresoar

Elk jier wurde boeken fan Tresoar dy’t om de ien of oare reden net yn de kolleksje opnommen wurde, troch de Freonen fan Tresoar ferkocht. By dy boeken sit ferskaat, âld en wat minder âld, boeken oer skiednis, filosofy, Fryske romans ensfh.
De boekemerk is op 30 oktober by Tresoar yn Ljouwert. It earste oere (fan 10.00 oere ôf) meie klanten maksimaal 15 boeken keapje.
Tusken 11.00 en 12.00 oere mei út it restant ûnbeheind kocht wurde. Der wurdt kontant ôfrekkene (der is gjin mooglikheid om mei pinpas te beteljen).
De boekemerk is yn earste ynstânsje foar de Freonen fan Tresoar .… Lês fierder

29-10-10 Dei fan de Fryske Taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân organisearret dit jier foar de fjirde kear de Dei fan de Fryske Taalkunde, oarnearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk.

Wannear: Freed 29 oktober 2010
Wêr: Fryske Akademy, It Aljemint, Doelestrjitte 2-4, Ljouwert
Tiid: 8.30 – 17.00 oere

Elkenien dy’t fan doel is om te kommen, wurdt frege om dat troch te jaan:
oer de mail: wvisser@fryske-akademy.nl
oer de tillefoan: 058-2343037 (streekrjocht), 058-2131414 (algemien)
skriftlik: Fryske Akademy, Taalkundich Wurkferbân, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert

Programma

8.30 YNRIN EN KOFJE

8.55 IEPENJEN

9.00-9.30 Anne Merkuur, Universiteit van Amsterdam
Conversie in het Fries

Parallelsesjes
A: yn seal 1
B: yn seal 2

9.30-10.00-A John A.… Lês fierder

24-10-10 Literêr Sirkwy Poppenwier (update)

logo.ensafh

Op 24 oktober de middeis om 15:00 oere is der in foarstelling yn ’t ramt fan ’t Literêr Sirkwy yn ’e Greate tsjerke fan Poppenwier. Muzikanten Wiebe Kaspers en Rob du Jardin sille mei in ferskaat oan ynstrumenten in wikselwurking oangean mei de dichters Elmar Kuiper, Edwin de Groot, Sytse Jansma en Aafke Koster. In midddei fol spannende ymprovisaasjes en klankbylden wêrby’t de dichters reagearje op de de muzikanten, en oarsom.

It earder oankundige optreden fan Eppie Dam kin troch omstannichheden net trochgean. Edwin de Groot sil him ferfange.

Lokaasje: Greate tsjerke, de Buorren, Poppenwier

Sjoch foar mear ynformaasje by It SkriuwersbounLês fierder

16-10-10 Kuiertocht Haitze Holwerda

logo.ensafh

Kuiertocht troch it lānskip fan Fryske roman ‘De sūnde fan Haitze Holwerda’

Op sneontemiddei 16 oktober om 14.00 oere is der in unike literźr-histoaryske kuiertocht fan Deinum, fia Blessum nei Boksum yn it ramt fan de lźsbefoarderingsaksje Frylān Lźst Syn Toppers.

Yn de roman ‘De sūnde fan Haitze Holwerda’ fan Ulbe van Houten binne trije Biltker arbeiders ynhierd op de buorkerij fan boer Holwerda by Blessum. De ōfspraak is 5 wike wurk, mar it slagget de hurdwurkjende arbeiders it kerwei al yn 4 wike dien te krijen, ek omdat it moai fźst waar is. De boer besiket ūnder de ōfspraak śt te kommen.… Lês fierder

02-10-10 Utrikking Relyprizen

logo.ensafh

Op 2 oktober o.s. wurde, middeis om twa oere, yn de tsjerke yn Bears de prizen fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach útrikt. Dizze middei – dy’t mei troch de muzyk altyd tige feestlik is – is foar elk frij tagonklik.

De Junior Rely-prizen binne dit jier foar:
Mette Silke Alkema út Akkrum: in 1e priis fan € 125,– foar it ferhaal: ‘Ferlern’
Casper Oukes út Wommels: in 2e priis fan € 100,– foar it ferhaal: ‘Tornado’
Inger Haakma út Wytmarsum: in oanfiterpriis fan € 50,– foar it ferhaal: ‘De striid mei mysels’
Willem de Jong út Warkum: in oanfiterpriis fan € 50,– foar it ferhaal ‘Twa reade eagen’
Floor Wip út Burchwert: in 1e priis fan € 100,– foar it fers ‘Do bist…’
Froukje Gerbrandij út Wytmarsum: in 2e priis fan € 75,– foar it fers ‘Fallende stjer’

De priis en de bliken fan wurdearring fan it Rely Jorritsma Fûns binne dit jier foar:

-Sipke de Schiffart (Boalsert)
in Rely Jorritsma Fûns-priis foar it ferhaal ‘Leafde nei de dea.’Lês fierder

07-10-10 Franca Treur yn Drachten

logo.ensafh

Franca Treur, schrijfster van het boek Dorsvloer vol confetti, is op 7 oktober te gast op een avond van Stichting Literaire Activiteiten Smallingerland (S.L.A.S.). Ze wordt geïnterviewd en zal een lezing verzorgen in dienstencentrum De Holdert in Drachten.
Dorsvloer vol confetti is het eerste boek van Treur (1979) en verhaalt over de jonge Katelijne die opgroeit in een strenggelovig boerengezin in Zeeland. Met deze roman won de schrijfster vorige week de Selexys debuutprijs. Daarnaast werd ze met dit boek genomineerd voor de NS Publieksprijs en staat ze op de longlist van de AKO-literatuurprijs. De avond in Drachten begint om 20.15 uur.… Lês fierder