06-05-10 Utfiering Brulloftsgasten

logo.ensafh

Op kommende 6, 7 en 8 maaie spilet toanielselskip De Blaue Toer ut Bolsward de tragy-komeedzje “Brulloftsgasten” yn it Marneteater yn Bolsward.
Oanfang 20.00 oere.
It is in produksje fan De Blaue Toer, it stik is skreaun troch Aggie van der Meer, ferneamd skriuwster ut Bolsward, de rezjy is yn hannen fan Ger de Wal.

Yn opdracht fan it bestjoer hat Aggie van der Meer dit stik skreaun, it is derom in unyk stik mei in heech artistyk gehalte.

82 jier âld is se, skriuwster Aggie van der Meer fan Boalsert. Op 6 maaie giet der in nagelnij toanielstik fan har yn premjère.… Lês fierder

20-04-10 Symposium oer Rink van der Velde en de oarloch

logo.ensafh

Nei oanlieding fan it ferskinen fan de omnibus De oarloch fan Rink van der Velde, mei
dêryn de romans Beafeart nei Saint Martin, De Ofrekken en Alde Maaie organisearret
de Friese Pers Boekerij yn it ramt fan it Rink van der Velde-jier in symposium oer it
tema Rink van der Velde en de Twadde Wrâldoarloch.

Plak:

Doopsgezinde Gemeente, Zuiderbuurt 28, Drachten
Tiid: tiisdeitemiddei 20 april 2010, 14.00-17.00 oere
Entree: fergees (sjoch foar oanmelding hjirûnder}

Programma

Oanfang: 14.00 oere. Iepening troch diskusjelieder Geart de Vries,
direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden

Lêzingen:

1. Hans Groeneweg, konservator fan it Fries Verzetsmuseum, oer:
De feitlike histoaryske achtergrûn fan in tal romans oer de oarloch
(Rjochtdei op de Skieding, De Fûke, Alde Maaie, It Guozzeroer)
2.… Lês fierder

31-03-10 Boekpresintaasje Obe Postma Selskip

logo.ensafh

Op 31 maart oansteande wurde om 16.00 oere troch it Obe Postma Selskip yn it Natuermuseum Fryslân (Schoenmakersperk 2, 8911 EM) te Ljouwert twa boeken op it gebiet fan de lânskipsskiednis oanbean. Sprekkers binne ûnder mear de histoarysk- geografen prof. dr. Theo Spek en prof. dr. Guus J. Borger. It giet om in mânske útjefte fan lânbouhistoaryske opstellen fan Obe Postma, Veld, huis en bedrijf, besoarge troch Philippus Breuker m.m.f. Meindert Schroor en Tineke Steenmeijer-Wielenga, en de bundel Van Groningen tot Zeeland.

Lês fierder by SkanomoduLês fierder

06-03-10 Boekefeest Boeke-Bolsert

logo.ensafh

Boeke-BOLsert-Boeke-BOL-Boeke-BOL

sneon 6 maart

I MIDDEISPROGRAMMA

It grutte fraachpetear oer Gerard Reve yn de riedsseal fan it stedhûs te Boalsert:

Geart de Vries, âld-sjoernalist by Omrop Fryslân en tsjintwurdich direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden, ynterviewt keunsthistoarikus en skriuwer Huub Mous oer syn te ferskinen essayboek Gerard Reve en de secularisering. U.m. te folgjen fia Twitter.

Lokaasje: Stedhús Boalsert
Ynrin: 16.30
Doer: 17.00-18.00

Tagong fergees. Mei it each op alle belangstelling en it beheind tal plakken yn de riedseal, opjaan fia: postmaster@cepher.nl.

II JÛNSPROGRAMMA

Lokaasje: De Groene Weide yn Boalsert.
Ynrin: 20.00 oere
tagong frij en fol = fol
Oanfang programma: 20.30 oere
Presintaasje: Nynke de Jong

1.

Lês fierder

07-03-10 Teigetje & Woelrat yn Tresoar

logo.ensafh

Teigetje & Woelrat (Willem Bruno van Albada en Hendrik Lambertus van Manen), de freonen fan Gerard Kornelis van het Reve, iepenje op 7 maart 2010, om 15.00 oere, yn Tresoar in foto-útstalling oer harren Greonterper jierren. De foto’s, makke tusken 1963 en 1975, beljochtsje it libben fan de skriuwer yn dy perioade. By de útstalling heart de katalogus Huize Het Gras dêr’t njonken de foto’s ek persoanlike taljochtings en anekdoates opnommen binne.

Dizze unike, nea earder toande kolleksje foto’s is fan 7 maart oant 15 maaie yn Tresoar te sjen.

Boarne: TresoarLês fierder