03-12-09 Liwwadder Poëzie Avond

logo.ensafh

Liwwadder Poëzie Avond op donderdag 3 december in theater De Bres – Leeuwarden met: Machteld Brands, Ellen Deckwitz, Gijs ter Haar, Jolies Heij, Arjan Hut, Wibo Kosters, Inger van Lamoen, Liesbeth Prins en Heike van der Vliet.

Muzyk: Grapefruit Moon – the Tom Waits project

Aanvang: 20.00 uur
Entree: 5 euro… Lês fierder

15-11-2009 Poëzy yn Skipfeartmuseum Snits

logo.ensafh

Snein 15 novimber, om 15.00 oere is it Literêr Sirkwy yn it Skipfeartmuseum yn Snits.(Kleinzand 14) Sân dichters sille dêr optrede, ûnder mear Job Degenaar, Hein Jaap Hilarides en Yva Hokwerda. Foar it publyk is it in unike gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei sawol Nederlânsk- as Frysktalige poëzije, en fansels sil Henk van der Veer foardrage yn it Sneker stedsdialekt. Dêrneist sil de Fryske Trûbadoer Pieter Wilkens in priuwke jaan út syn repertoire fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rok ‘n’ roal. De presintaasje is yn hannen fan Edwin de Groot.

De tagongspriis is € 2,50 , foar museumjierkaarthâlders fergees.… Lês fierder

Trûbadoersjûnen yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean

logo.ensafh

It Fryske Boek bestiet 75 jier. Om dat te fieren is dit jier in tal ekstra aktiviteiten op priemmen set. Spesjaal foar elkenien dy’t op ien of oare wize oan de Sutelaksje meiholpen hat wurde op tongersdei 29 en op freed 30 oktober Trûbadoersjûnen hâlden. Dat sil wêze yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean, de jûns om 20.00 oere. De fjouwer Fryske trûbadoers, Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Doede Veeman hawwe op fersyk fan it jubilearjende Fryske Boek in nij program gearstald.

Foar de beide jûnen op it Hearrenfean binne noch kaarten beskikber. Dy kinne besteld wurde op telefoannûmer 058- 2343090 of fia de e-mail: ynfo@fryskeboek.nl… Lês fierder

16-10-09 Presintaasje ‘Giftige Zomer / Giftige Simmer’

logo.ensafh

Op donderdag 15 oktober om 12.45 uur zal het eerste exemplaar van het boek Giftige Zomer / Giftige Simmer op het Provinciehuis in Leeuwarden worden overhandigd aan gedeputeerde Hans Konst.

Uitgever Abe de Vries van de Friese Pers Boekerij zal het boek aan de heer Konst aanbieden. Gedeputeerde Hans Konst zal vervolgens een reactie geven op het boek.

Op vrijdag 16 oktober vanaf 16.30 uur zal de presentatie van het boek plaatsvinden in hotel-restaurant ’t Heerenlogement in Harlingen. Prof. dr. Goffe Jensma zal in een lezing reageren op Giftige Zomer / Giftige Simmer.

In Giftige Zomer / Giftige Simmer maken 49 schrijvers, kunstenaars en fotografen zich zorgen over de toekomst van Fryslân.… Lês fierder

14- 10- 2009 Oanbieding De Kâlde Krústocht as harkboek

logo.ensafh

Op woansdei 14 oktover wurdt yn Tresoar in nij harkboek presintearre, De Kâlde Krústocht fan Hylke Speerstra. De Kâlde Krústocht befettet alve iisferhalen en ferskynde ta gelegenheid fan it 100 jierrich bestean fan de feriening De Friesche Elfsteden. It boek is foarlêzen troch de auteur sels en sil oanbean wurde oan Klasina Seinstra, de winnares fan de lêste Alvestêdetocht.

Ek is der in ‘sneak preview’ fan de film De Hel van ’63, dy’t yn desimber yn première giet, fan regisseur Steven de Jong. Ek in bydragen fan Tryater en in foardracht troch Hylke Speerstra sels steane op it programma.

Utnoege binne net allinne minsken út de wrâld fan de (Fryske) taal en kultuer, mar ek pommeranten fan de Alvestêdetocht.… Lês fierder

07-10-09 Berneboekewikefeest yn De Harmonie

logo.ensafh

Grut Berneboekewikefeest yn skouboarch De Harmonie as start fan de Kinderboekenweek. In protte kulturele ynstellings yn Ljouwert wêrûnder de Bibleteek, Parnas, Tryater, Keramykmuseum Princessehof, Afûk, Tresoar en it Natuermuseum, organisearje dy middei aktiviteiten yn De Harmonie, allegearre mei it tema Aan tafel! Eten en snoepen in kinderboeken.

Sa meie bern echte ûleballen útplúzje en kin der in frikadelleliet lutsen wurde by de Literêre Snackbar. Berneboekeskriuwer Geert van Diepen is oanwêzich, (âld-)stedsdichter Arjan Hut leart bern om te dichtsjen en wa wit krije bern in rûnlieding troch de keuken fan De Harmonie. Alle aktiviteiten, (behalve de foarstelling De Band Krijgt Kinderen om 15.00 oere) binne fergees tagonklik, ek ast net nei de foarstelling fan trije oere ta giest.… Lês fierder