Aginda 16-11-2023: Bekendmakking nije Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Hjirby wurde jo fan herte útnûge om op tongersdei 16 novimber om 16:00 oere oanwêzich te wêzen by de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân yn de Stadskas fan it Explore the North-festival op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Eke Folkerts nimt Sigrid Kingma ôfskie as Dichter fan Fryslân 2021 – 2023. Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Boeken fan Fryslân en Explore the North. De presintaasje is yn hannen fan Suzanne van Zwam.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Aginda 04 o/m 12-11- 2023: Lêzings Kadoboek 2023

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Fryske Boekewike – fan 4 o/m 12 novimber – hâldt Anita Terpstra in lêzing oer it Kadoboek: ‘Hiltje yn Pella – In Friezinne (1805-1898) op syk nei in better libben yn Amearika‘, dat sy spesjaal foar de Fryske Boekewike skreaun hat. It is it ferhaal oer Friezinne Hiltje Aukes Sipma, ôfkomstich fan Boarnwert, dy’t mei har hiele húshâlding (man en seis bern) yn 1847 tegearre mei 800 oaren emigrearre nei Amearika en dêr de mienskip Pella oprjochte.

– Snein 5 novimber, 15.30 oere, Podium Gorter, Balk
– Woansdei 8 novimber, 20.00 – 22.00 oere, dbieb, Stiens
– Tongersdei 9 novimber, 19.30 – 21.30 oere, ‘De Tiid’, Boalsert
– Freed 10 novimber, 19.30 – 21.30 oere, dbieb It Hearrenfean

Boarne: Fryske BoekewikeLês fierder

Aginda 26-11-2023: ‘Lân, loft en leafde’ – in middei en jûn om Tsjêbbe Hettinga hinne

logo.ensafh

Tsien jier ferlyn ferstoar Tsjêbbe Hettinga, ien fan de grutste en meast foaroansteande nei-oarlochske Fryske dichters. Snein 26 novimber set Stichting Een brug slaan yn ’e Klameare yn Warkum in middei en jûn op priemmen dêr’t de persoan en it wurk fan Hettinga yn oan ’e oarder komme.

Publisist Bert Looper lit syn ljocht skine oer it tema lânskip yn Hettinga syn poëzy. Tryater-aktrise Eline de Vries draacht it gedicht ‘Oan ’e brek, in dei’ foar. Dichter Syds Wiersma komt op ’e tekst oer de ûntwikkeling fan Hettinga syn foardracht. Filmmakker Piter Hettinga lit in rige filmbylden oer syn heit sjen.… Lês fierder

Aginda 18-10-2023: Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen

logo.ensafh

Boekpresintaasje Ienenfjirtich dingen fan Carsten René Nielsen

Op 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) presintearre yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert.
Nielsen is in bekende yn Fryslân, mei’t er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie en yn 2021 mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Utjouwerij Hispel) hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns optreden. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no leit dêr de bondel Ienenfjirtich dingen, oersetten troch Geart Tigchelaar.
Op 18 oktober is de boekpresintaasje.… Lês fierder

Aginda 05-10-2023: Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op tongersdei 5 oktober organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom.

It Dichtersbarren start middeis op it Aldehouster tsjerkhôf by OBE mei û.o. ‘taffeltsjedichtsje’ mei Arjan Hut, Christa Niklewicz, Syds Wiersma en Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skilderje op foardrachten mei Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Martsje de Jong, Edwin de Groot en Sigrid Kingma en der is poëtyske muzyk fan Immen.… Lês fierder

Aginda 24-09-2023: Douwe Kootstra oer Gerben Rypma

logo.ensafh

Douwe Kootstra oer it libben fan de boer, dichter en skilder Gerben Rypma

In hiel bysûnder man, dat wie Gerben Rypma (1878-1963). De Einzelgänger en boerefeint út it lege lân om de Aldegeaster Brekken hinne krige yn Fryslân bekendheid as skilder en folksdichter. Hy tekene, as autodidakt, op masterlike wize portretten, bisten en lânskippen. As folksdichter besong er jierrenlang foaral it gea wêr’t er libbe.

En hy betocht mar leafst 453 ‘siedkerlen’, selsbetochte sprekwurden dêr’t út bliken docht dat de as heremyt libjende Rypma in skerp each hie foar de natoer en de minske.

Ferteller en skriuwer Douwe Kootstra bringt yn in programma fan sa likernôch in oere op meinimmende wize de libbensfeiten fan dy singeliere keunstner út de wide, ûneinige flakte achter Greonterp.… Lês fierder