Op freedtemiddei 14 july tusken 15.00 – 17.00 oere presintearret Arjan Hut syn dichtbondel Ien tel de ierde stil yn de Afûk-winkel yn Ljouwert. Elkenien is fan herte wolkom.
Sjoch foar mear ynformaasje by de AFUK… Lês fierder
Op freedtemiddei 14 july tusken 15.00 – 17.00 oere presintearret Arjan Hut syn dichtbondel Ien tel de ierde stil yn de Afûk-winkel yn Ljouwert. Elkenien is fan herte wolkom.
Sjoch foar mear ynformaasje by de AFUK… Lês fierder
It nij Bûsboekje 2024, edysje 49, sil op tongersdei 20 july fan 17.00 oant 19.00 oere presintearre wurde. De redaksje wol nigethawwers dêrfoar útnûgje.
De presintaasje sil wêze yn it Proeflokaal fan Grutte Pier Brouwerij, Bartlehiem 23, 9091 BH, Wyns. Jan Arendz en Marijke Geertsma sille foarút sjen nei harren nije foarstelling Fêste Grûn, dy’t yn oktober yn premjêre giet.
Sjoch foar mear ynformaasje by It Nijs… Lês fierder
Dit jier wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, wer útrikt. De advyskommisje bestiet út Jarich Hoekstra, Jelma Knol en Rieuwert Krol. Sy hawwe alle Fryske proazawurken fan de ôfrûne fjouwer jier lêzen. Op sneon 14 oktober wurdt de priis yn Boalsert útrikt. Foarôfgeand oan dy dei wurde aktiviteiten organisearre. Tresoar hat de organisaasje yn hannen en wurket gear mei oare literêre organisaasjes.
Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar… Lês fierder
Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardrûgen wurde.
Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis.… Lês fierder
Verrassend, scherpzinnig en puur. Op donderdagavond 29 juni toveren we het café om tot Fries dichterspodium. Met Friestalige beat – en jonge dichters: Lubbert Jan de Vries, Christa Nicklewicz, Alwin van der Toorn, Marije de Lange, Joël Hut, Sigrid Kingma, Sipke de Schiffart, Hindirk Hannema, Paul van Dijk, en als presentator Arjan Hut. De beatdichters brengen teksten over dood, eenzaamheid en verlies terwijl de jonge dichters gedichten over liefde en verlangen voordragen. Kom langs en dompel je onder in Fryske gedichten!
Sjoch foar mear ynformaasje by Neushoorn… Lês fierder
Op freed 2 juny iepenet Tresoar yn Kafee De Gouden Leeuw in lytse útstalling mei portretten fan Fryske skriuwers, dy’t Henk Kuiper (1943-2005) yn de jierren ‘70 makke hat. By de iepening presintearret soan Elmar Kuiper syn nije dichtbondel Earthskin: in blomlêzing mei gedichten dy’t oerset binne nei it Ingelsk.
Ein 2020 krige Tresoar de foto’s en negativen mei portretten fan Fryske skriuwers en ôfbyldings fan Frysk-literêre barrens, makke troch Henk Kuiper yn de jierren 1973-1984. De literêre fotokolleksje fan Kuiper bestiet út sa’n 150 portretten, dêr’t no sa’n 30 fan tentoansteld wurde. Oer de portretten sei Kuiper yn in fraachpetear mei Douwe Kootstra yn De Strikel fan febrewaris 1983: ‘It moat goed lykjend wêze.… Lês fierder