Aginda 30-06-2022: Wethâlder Hein Kuiken ûntbleatet de earste Ljouwerter literêre bank

logo.ensafh

Wethâlder Hein Kuiken ûntbleatet de earste Ljouwerter literêre bank

Op tongersdei 30 juny om 16.00 oere (ynrin om 15.45 oere) ûntbleatet wethâlder Hein Kuiken de earste literêre bank fan Ljouwert op it gersfjildsje by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma is troch Ljouwert UNESCO City of Literature frege om as kurator de earste literêre bank ynhâld te jaan. Hy frege keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom om de bank te ûntwerpen en te meitsjen.

Sytse Jansma hat literatuerprojekt Sprekende stenen keppele oan de literêre bank. Dit projekt is ûnderdiel fan Over de drempel, it programma fan de gemeente Ljouwert wêryn’t kultuermakkers en maatskiplike inisjativen gearwurkje om iensumens tsjin te gean.… Lês fierder

Aginda 07-07-2022: Boskpoadium | Dichtersjûn mei marimbamuzyk

logo.ensafh

Ferskate dichters sille foardrage op it Boskpoadium yn Obe. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en dichters Edwin de Groot en Christa Niklewicz fan it Rixt dichterskollektyf sil optrede. Ek Afrida Adema en Marco Merijn Klute fan fan DichterBij Leeuwarden jouwe in dichtersfoardracht.

De dichtkeunst wurdt ôfwiksele en ferrike mei muzyk fan Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma. Hy sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte.

De dichtkeunst wurdt ôfwiksele en ferrike mei muzyk fan Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma. Hy sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Aginda 29-10-2022: Presintaasje seis útjeften fan Frysk en Frij

logo.ensafh

Op sneon 29 oktober o.s wurde seis útjeften fan Frysk en Frij presinteard yn it Stedhûs fan Frjentsjer:

It sket fan Toussaint, roman fan Leo Popma, bekroand mei de Rink van der Veldepriis, 2022
It berin fan de dingen, debútdichtbondel fan Peter Popma
Wurd för wurd för wurd, poëzij fan Joël Hut (annulearre)
Ferrin, poëzy fan Albertina Soepboer
De SneinenIt lân achter it each fan de de nulle, poëzy fan Aggie van der Meer, mei Nederlânse oersettingen fan Jan Corporaal, Tytsje Hibma en Jan Popkema

Muzyk fan komponiste Rixt van der Kooij, Heinrich Heine oersettingen fan Fedde Schurer.… Lês fierder

Aginda 25-06-2022: Stellingwarver Schrieversronte 50 jaor ‘een Koele vol feest’

logo.ensafh

Op zaoterdagmiddag 25 juni is et zoveer! Dan is et grote jubileumfeest van de Stellingwarver Schrieversronte die oflopen 29 april vuuftig jaor oold wodde. Et feest is in en om Eupenlochttheater De Koele in Appelsche*. Bestuur en feestkemmissie verwaachten veul volk om mit mekere dit feest te vieren. De feestkommissie, die uut Ageeth Bos, Hans Salverda en Akkie Zeilstra bestaot, het d’r alles an daon om veur een arg mooi en ofwisselend pergramme te zorgen.

Sjoch foar mear ynformaasje by EBLTEBLTLês fierder

Aginda 11-06-2022: Boekpresintaasje ‘Minym ferweech / Minieme gebaren’, gedichten fan Peter van Lier

logo.ensafh

‘Wês om 11.00 oere wolkom yn de boekwinkel fan de Afûk foar de boekpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren. Om 11.15 oere set de presintaasje útein mei in wolkomstwurd fan Ernst Bruinsma. Dêrnei is it wurd oan Peter van Lier, dy’t fertelle sil oer syn bân mei Fryslân en oer hoe’t it lânskip syn gedichten beynfloedet.’

Sjoch foar mear ynformaasje by de AfûkLês fierder

Aginda 17-06-2022: Presintaasje ferhalebondel “In frjemde fûgel” fan Elmar Kuiper

logo.ensafh

Mei In frjemde fûgel makket byldzjend keunstner en dichter Elmar Kuiper syn debút as proazaskriuwer. Op freed 17 juny fynt yn MeM om 20 oere de presintaasje plak. Der binne optredens fan Deroels (muzyk), Martsje de Jong, Remco Kuiper, Sipke de Schiffart, Gerrit de Vries en Jetze de Vries.

De sân manlju yn In frjemde fûgel binne frjemde einen yn it bit. Se binne oe sa gefoelich, mar ek in bytsje frjemd. Gauris liedt it ta ûngemaklike situaasjes. Benammen op it mêd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier. Kuiper sit de personaazjes ticht op ’e hûd en lit de lêzer omdoarmje yn harren geast.… Lês fierder

Aginda 22-05-2022: It Literêr Sirkwy yn Burdaard

logo.ensafh

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske middei yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 22 maaie 2022 om 15:00 oere.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy middeis bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium.… Lês fierder