Aginda 09-04-2022 : Presintaasje Fryske Graphic Novel “Kyra” fan Elske Schotanus

logo.ensafh

Sneon 9 april – by de start fan de nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus har nijste boek, de Graphic Novel Kyra, by de Afûk yn Ljouwert. Sawol de tekst as de yllustraasjes binne fan har hân. Nei har Facebook-roman De Raven (2020) ferrast Schotanus mei Kyra it publyk op ’e nij mei orizjineel, fernijend wurk.

Kyra

De Graphic Novel Kyra spilet yn it jier fan de Rôt, it jier dat covid-19 elk syn libben behearsket. Foarseinen astrologen in jier skaaimerke troch lef en fertrouwen, it boadskip fan firologen soe ynearsten ienigens en letter ôfstân bringe. Kyra is de skiednis fan it ferlies fan in leafde tsjin in kleurrike achtergrûn fan sawol ienriedigens en ferbûnwêzen as eangst en skeel.… Lês fierder

Aginda 16-04-2022: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

logo.ensafh

Sneon 16 april: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 16 april 2022 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022 Ilja Leonard Pfeijffer yn de Westerkerk yn Ljouwert. Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa.

Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.

Op dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd troch Coen Peppelenbos.… Lês fierder

Aginda 12-04-2022: Jûn foar de Freonen fan Tresoar – Yn it teken fan dichteresse Rixt

logo.ensafh

Op 12 april organisearje de Freonen fan Tresoar in jûn yn it teken fan dichteresse Rixt: in pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979). Rixt wie de earste froulike dichter dy’t yn 1953 de Gysbert Japicxpriis wûn foar har bondel De Gouden Rider (1952).

Op it programma

Wolkom troch it bestjoer Freonen fan Tresoar
Lêzing oer it wurk en de betsjutting fan Rixt yn de Fryske literatuer troch Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar
Foardracht fan 5 dichters fan it Fryske dichterskollektyf RIXT

Under de lêzing giet Meindert yn petear mei de hear Renze Yetsenga. Yetsenga hat de dichteresse persoanlik kennen en is in fier famyljelid fan har.… Lês fierder

Aginda 01-04-22: Literêr Sirkwy nei oanlieding fan útstalling Kor Onclin

logo.ensafh

Dit twadde Literêr Sirkwy organisearret RIXT yn gearwurking mei Tresoar.
De oanlieding foarmet de tentoanstelling ‘Ferwondering en Verontrusting’ fan byldzjend keunstner Kor Onclin yn Obe.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de útstalling.

De dichters dy’t wurk skreaun hawwe by de tentoanstelling trede foar it skoft op.
De Bilkerts Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk.

By elk Literêr Sirkwy is der nei it skoft in iepen poadium.
Elk dy’t in gedicht (fan har/himsels of fan in oar) foardrage wol, is tige wolkom om dat te dwaan.

Meidwaan oan it iepen poadium? Graach fan tefoaren efkes witte litte op ynfo@rixt.frl… Lês fierder

Aginda 16-07-2022: Presintaasje nije bondel ‘Utsicht’ fan Aggie van der Meer

logo.ensafh

Trije Fryske kulturele organisaasjes, Tresoar, Afûk en Stichting Uitzonderlijke Producties (UP), hawwe mei-inoar it inisjatyf nommen om nij wurk fan de Fryske skriuwster Aggie van der Meer (93) út Boalsert út te bringen yn in bondel gedichten en ferhalen, ûnder de titel: ‘UTSICHT’. Komponist Hoite Pruiksma makke op basis fan dy teksten ferskate komposysjes en hat se mei it koar CAPELLA FRISIAE en ferskate oare muzikanten gearstald op in cd dy’t yn dizze bondel opnommen is.

Sneon 16 july 2022 om 20.00 oere wurdt de nije bondel mei cd presintearre yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Aginda 29-04-2022: Dichter fan Fryslân iepenet útstalling Keunstakademy en treedt op mei Elmar Kuiper, Tsead Bruinja en ZEA

logo.ensafh

 

Op freed 29 april iepent de Dichter fan Fryslân in útstalling fan de Kunstacademie Friesland.

Dyselde jûn stiet sy teagearre mei kollega-dichters Elmar Kuiper en Tsead Bruinja, tegearre mei ZEA, yn MeM yn Bûtenpost. De Dichter fan Fryslân is tegast tidens de Skuorre- en Tsjerketoer fan ZEA en Tsead Bruinja. ZEA spilet wurk fan syn yn novimber útbrocht album ‘Witst noch dat der neat wie’ en Tsead Bruinja draacht foar út syn nijste dichtbondel ‘Ynbêde / Ingebed’ dy’t op 25 maart ferskynt by de Afûk.

Kaarten foar dizze jûn fia MeM, Bûtenpost.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder