Aginda 05-03-2022: Iepening tentoanstelling Kor Onclin mei poëzij

logo.ensafh

Op sneontemiddei 5 maart wurdt yn OBE, poadium foar Fryske kultuer, de tentoanstelling KOR ONCLIN, FERWÛNDERING EN ÛNGERÊSTENS, iepene. Mei in seleksje skilderijen en objekten presintearret Tresoar oan de hân fan fjouwer tema’s in oersicht fan Onclin syn wurk. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan de makkers fan de tentoanstelling poëzy skreaun by wurk fan Onclin. In seleksje út dy gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.

De tentoanstelling wurdt nei in koarte ynlieding fan ûnder mear kurator Yvonne Willems en Kommissaris fan de Kening Arno Brok iepene mei poëzy en muzyk. Edwin de Groot sil dan syn gedicht ‘By in blauwereinbeam en in reinbôge’ foardrage.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Aginda 02-04-2022 o/m 25-06-2022 : ZEA en Tsead Bruinja tegearre op Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

logo.ensafh

Fan 2 april oant 25 juny toere sjonger ZEA en ik troch Fryslân. Wy hoopje jim te treffen!

02-04 – SNEEK – BOLWERK

09-04 – MAKKUM – DONIAKERK

10-04 – KOARNJUM – NICOLAASKERK

15-04 – LEEUWARDEN – WESTERKERK

23-04 – FOUDGUM – MARIAKERK

24-04 – DRACHTEN – MUSEUM DR8888

29-04 – BUITENPOST – MeM

01-05 – DEDGUM – SINT JORISKERK

07-05 – BLESSUM – MARIAKERK

14-05 – JORWERT – REDBADTSJERKE

15-05 – AMSTERDAM – CAFE EIJLDERS

22-05 – EXMORRA – DICHTER OP DE DEEL

28-05 – LEEUWARDEN HUIZUM – DORPSKERK

29-05 – BEARS – MARIAKERK

25-06 – HARLINGEN – LITERAIR FESTIVAL

Tickets binne te finen op de website fan produksjehûs Explore the North: https://www.explore-the-north.nl/Lês fierder

Aginda 04-02-2022: Grutte Gedichtejûn ensafh yn Dokkum

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer,

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. De hoop is dat it takom jier wer fysyk plakhawwe kin. It sil yn de iisherberch yn Dokkum heve.

Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht foar te dragen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in fers fan immen oars foarlêze.

Der is lykas wenst fansels muzyk by, dat is ditkear fan it duo Onno & Henderikus.

Jou jo op foar 24 jannewaris 2022 by ensafhpoezij@gmail.comLês fierder

Aginda 23-01-2022: It Literêr Sirkwy yn Burdaard ‘De loft is blau fan dagen’

logo.ensafh

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Geart Tigchelaar organisearje mei-inoar in poëtyske jûn yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op freedtejûn 10 desimber 2021 om 19:30 oere.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy jûns bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Ferskood nei 23-01-2022

Lês fierder

Aginda 12-11-21: Bekendmakking nije Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op 12 novimber om 16:00 oere (ynrin 15:30 oere) wurdt mei Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert.

Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sytske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel ‘Asman’.

Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Boeken fan Fryslân en Explore the North. De presintaasje is yn hannen fan Jelte Posthumus.
Nyk de Vries. Foto: Jacob van Essen

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân.… Lês fierder