Aginda 05-11-21 en 07-11-21: Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing yn Ljouwert en Harns

logo.ensafh

Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing yn Ljouwert en Harns

Fan ’t simmer hawwe de Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar yn Aarhus west op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange om mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Carsten René Nielsen en Mads Mygind de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Hispel) te presintearjen.
Fan ’t hjerst binne de Denen oan bar om Fryslân oan te dwaan en sa harren poëzy klinke te litten yn sawol Ljouwert as Harns. Op 5 novimber om 20:30 oere steane de Deenske en Fryske dichters op it poadium yn de Westerkas yn Ljouwert.… Lês fierder

Aginda 19-11-21: Taalkundedei 2021

logo.ensafh

Taalkundedei 2021

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne. De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presentaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen. Fanwege de ‘Myn :taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom.… Lês fierder

Aginda 01-11-21 o/m 06-11-21: Aktiviteiten Gysbert Japicxpriis 2021

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Lês fierder by TresoarLês fierder

Aginda 16-10-21: Presintaasje bondel mei blomlêzing LHBTY+-literatuer op Rôze Sneon

logo.ensafh

‘Do draachst de leafde oan’
Op Rôze Sneon, 16 oktober, presintearje Tresoar, Afûk en Ljouwert City of Literature de bondel ‘Do draachst de leafde oan. Literatuer fan Fryslân troch yn rôze bril’. De bondel befettet poëzy- en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk.

De titel fan de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’, is ûntliend oan in fers fan Tsjits Peanstra.

De rom hûndert opnommen fragminten binne sammele troch in redaksjeteam dat bestie út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De âldste tekst is út ’e santjinde iuw, Aan Elisene fan Titia Brongersma.… Lês fierder

Aginda 31-10-21 o/m 14-11-21: De grize oer de grouwe mei Sjoerd Bottema en Jaap Louwes

logo.ensafh

Sjoerd Bottema fertelt oer en út syn spûkeboek De grize oer de grouwe: tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Jaap Louwes dêrnjonken, besjongt de deistige dingen mar ek it needlot. It Frysk is foar him is in prima blues- en rock&roll taal. Yn 2019 ferskynde Jaap syn meast resinte c.d. “Set ‘m op ” mei titels as “Memmen by it stek” en “Spikerjack”

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 14-10-21 o/m 18-11-21: Underweis mei Hilda Talsma en Emiel Stoffers

logo.ensafh

Emiel Stoffers en Hilda Talsma hawwe in protte oerienkomsten yn har wurk. Dêr’t Emiel sjongt oer werkenbere sitewaasjes dy’t Friezen belibje op it wurk of yn it deistige libben, skriuwt Hilda oer deselde tematyk. Se ha ek it talint om net om de feiten hinne te draaien en beneame de dingen sa’t se binne. De geasten fan dizze kreative rûchhouwers, dy’t tagelyk hiel gefoelich binne foar alles wat om harren hinne bart, brûzje altyd fan de ideeën. De Hûnekop en Hilda Talsma nimme jim op dizze jûn mei op reis troch har repertoire.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder