Aginda 19-10-21: Vertalersgeluk, mei û.o. Jan Popkema

logo.ensafh

Explore the North, Tresoar en Boekhandel Van der Velde organisearje jûn Vertalersgeluk mei priiswinnende oersetters
Jûn yn it teken fan boekoersettingen yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds

Produksjehûs Explore the North, Tresoar, Boekhandel Van der Velde organisearje op tiisdei 19 oktober 20.00 oere yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds de jûn Vertalersgeluk. Trije oersetters, Jan Popkema, Annemarie Vlaming en Lette Vos, fertelle dy jûn oer har fakgebiet en de útdagings dy’t sy yn har wurk tsjinkomme. Vlaming is winner fan de Europese Literatuurprijs fan dit jier en Popkema krige de dr. Obe Postmapriis 2020.… Lês fierder

Aginda 09-10-21: Dichterskollektyf RIXT komt mei It Literêr Sirkwy

logo.ensafh

Earste sirkwyjûn op 9 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten

Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Yn de Skriuwersarke op de Feanhoop wurken RIXT-dichters gear mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut en muzikant Bruno Rummler. De poëzy en muzyk dy’t dat oplevere hat, wurdt yn kafee Marktzicht presintearre.… Lês fierder

Aginda 27-11-21: Fedde Schurerlêzing 2021 “Kneppelfreed 70 jier”

logo.ensafh

Saterdei 27 novimber, De Koperen Tuin te Ljouwert, 14.30 – 17.00 oere.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Ferline jier koe de Fedde Schurerlêzing net hâlden wurde fanwege Covid. Sa as it no liket, sil it dizze hjerst slagje. Wy hawwe trije sprekkers: Sigrid Hemels, heechlearaar fan de Erasmus universiteit, Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar en skriuwer en sjoernalist Abe de Vries.… Lês fierder

Aginda 10-10-21 o/m 30-10-21: Oer fytse en hurdfytse mei Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper

logo.ensafh

De skriuwers Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper gean mei-inoar yn petear oer fytse en hurdfytse. Geart Tigchelaar fertelt oer syn psychologyske fytsroman ‘Om’, oer haadpersoan Ate dy’t in fytsreis ûndernimt nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline. Elmar Kuiper fertelt oer syn aventoeren op de fyts as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw.

Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 10-09-21: Klokkepoëzij

logo.ensafh

KLOKKEPOËZY

Poëzykonsert mei stedsbeierdier en streekdichters

Op 10 septimber om 17:00 oere jout de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, mei syn foargongers in poëzykonsert yn ’e binnenstêd fan Dokkum. De kariljonmuzyk wurdt fersoarge troch stedsbeierdier Auke de Boer.
Tigchelaar wol de ferbining lizze tusken syn foargongers, de eardere DongeraDichters en Streekdichters: Akke Brouwer, Bram Borstlap, Mark Spijkers, Tsead Bruinja en Jankobus Seunnenga. Hja hawwe it amt meifoarme ta wat it no is en krije sa de kâns om yn dy hoedanichheid fannijs fan harren hearre te litten. It publyk kin sa ek op ’e nij mei harren en benammen mei harren poëzy yn ’e kunde komme.… Lês fierder