Aginda 26-07-21: Presintaasje Bûsboekje 2022

logo.ensafh

Bûsboekje edysje 2022 komt deroan! Elkenien wurdt hertlik útnûge foar de jierlikse presintaasje. Dy is op moandei 26 july, fan 16.30 oant 18.00 oere yn It Frijlân, Boksumerdyk 5-a, krekt bûten Ljouwert en njonken de Dairy Campus.

It earste eksimplaar fan Bûsboekje 2022 sil oerlange wurde oan sjoernaliste Jantien de Boer, bekend fan har reportaazje oer lânskipspine. Der is ek gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei It Frijlân en De Oerfloed. Yn ferbân mei de kofje/tee heart de organisaasje graach foarôf wa’t derby wêze wol. Dat kin troch in e-mailtsje te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.… Lês fierder

Aginda 17-07-21: Presintaasje blomlêzing Abe de Vries GIET NET TROCH

logo.ensafh

Yn 2001 is Abe de Vries op reizen nei East-Europa úteinset mei syn Frysk dichtsjen. No tweintich jier en tsien dichtbondels letter publisearret útjouwerij DeRyp in twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út dy tsien bondels. De titel fan de bondel is Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.

De Vermaning, Noard 100, Warkum, 17-07-21,19.30 oere

Lês fierder by Utjouwerij DeRypLês fierder

Aginda: 10+11-07-21: Ljouwert sil Tommelje

logo.ensafh

Op 10 en 11 july stean Tsead Bruinja en keunstner Jules van Hulst yn Zalen Schaaf mei Tuimelaar. Dat is in performance en in meditaasje oer leafde dêr’t fideo, poëzy en ynstallaasje inoar útdage. Yn seis haadstikken ûnderfine Bruinja en van Hulst wat minsken ferbynt. Sy diele harren ûnderfinings oer it omearmjen fan en it ferset tsjin leafde. Dat kin gean oer de leafde binnen in freonskip of in romantyske relaasje of de leafde foar eat hegers en ûngrypbers, de mystike leafde.

Ast de Tuimelaar as in ynstrumint sjochst, dan kinst sizze dat er rôlet. Ast de Tuimelaar as in gedrach sjochst, dan kinst sizze dat er meibeweecht.… Lês fierder

Aginda 02+03-07-21: Minskewolf

logo.ensafh

Elmar Kuiper en filmmakker Ester Eva Damen makken yn de ôfrûne moannen in teaterfoarstelling mei film en poëzy. Yn dy multimediale foarstelling mei akteur Rienk Nicolai en muzyk fan de Tigers fan Greonterp, draacht Elmar Kuiper al sjongend Frysktalige gedichten foar dy’t foar in part gean oer syn wurk yn de psychiatry en part oer de moeting mei de oar. Elmar Kuiper ferhâldt him as Fakman ta de Minskewolf dêr’t it mar de fraach by is, wa’t de broeder is en wa’t holpen wurdt.

Minskewolf is in produksje fan Explore the North.

Wannear

freed 2 july – 20.30 oere
sneon 3 july – 20.30 oere

Plak Westerkerk, Baginestrjitte 59, 8911 DN Ljouwert

Priis: € 12,50

Boarne: RIXTLês fierder

Aginda 02-07-21: Oftraap fytstocht Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Op 2 july set Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, útein mei syn fytstocht troch de gemeente. Hy docht dêrby yn 14 dagen alle 52 doarpen oan. Sjoch op www.wurdbyld.com foar de folsleine rûte en deiplenning.
De moarns om 10:00 oere is de ôftraap mei ûnder oaren muzikant en âld-Streekdichter Jankobus Seunnenga by de biblioteek yn Dokkum (Brokmui 62).… Lês fierder

Aginda 25-06-2021: FreMiBu literêr kafee

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder