Aginda 15-04-21: Online Skriuwworkshop ‘De Nacht’

logo.ensafh

Meisto graach skriuwe? En hast der nocht oan om yn it nachtlibben fan Fryslân te dûken? Meld dy dan no oan foar de skriuwworkshop by de foarstelling Nacht

De nije teaterfoarstelling Nacht reizget meikoarten troch de provinsje. In unike ûnderfining dy’t him foar in part by dy foar de doar ôfspilet. Dizze foarstelling giet oer minsken dy’t jûns let ûnderweis binne. Wêrom sliepe se net? Wat dogge se noch let bûten? De foarstelling spilet yn de hiele moanne april.

By de foarstelling ûntwikkelje we in oanfoljend programma foar ynteressearre skriuwers: Tryater Rûnom. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in online skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.… Lês fierder

Aginda 21-03-2021: Digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’

logo.ensafh

Foar it earst sûnt jierren koene wy dizze winter wer reedride op natoeriis. De iisbanen yn Fryslân sieten fol mei besikers dy’t genietsje woene fan de iiswille. Hoe lizze iisbanen derhinne as de maaitiid wer begjint, as it iis wer fuort is en it wetter fan ‘e iisbaan ôf? Iensum en ferlitten no’t der net mear op riden wurde kin? Nee, se wurde brûkt, en hoe! Der wurdt op keatst, fuotballe en kuorballe. Hynders, kij en skiep rinne te weidzjen op it stikje lân. Der wurde gewaaksen op ferboud. En wannear’t iisbanen der dochs ferlitten by lizze, dan biede se rûmte foar rêst en besinning.… Lês fierder

Aginda 06-03-2021: Oftraap Fryske Boekewike

logo.ensafh

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 is op sneontejûn 6 maart te folgen op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert.

Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. Fierder komme yn de telefyzjeútstjoering ferskate Fryske skriuwers oan it wurd, en is der in muzikaal optreden fan it duo Weima & van der Werf.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 05-03-21: Presintaasje nije roman Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Op 5 maart presintearret Geart Tigchelaar syn twadde roman, Om. Mei gastoptredens fan Elmar Kuiper en Jan de Vries sil de presintaasje digitaal plakhawwe op de Facebookside en it Youtubekanaal fan de Afûk.

Geart en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn Om hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Aginda 28-01-2021 / 03-02-2021: Tsead Bruinja en Nyk de Vries op Poetry on Impact

logo.ensafh

Poetry on Impact

Poëzieweek 28 januari / 3 februari
Dichters laten je alle hoeken van je kamer zien!

Tijdens de Poëzieweek brengt Poetry International elke dag een uitgesproken dichter uit binnen- of buitenland bij je thuis. Live via zoom lezen zij aansluitend op het Achtuurjournaal gedichten over zaken die er naast het hete nieuws zeker óók toe doen, gevolgd door een Q&A. Dus zet koffie klaar en geniet van afzwaaiend Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Poëziegeschenkauteurs Maud Vanhauwaert en Rodaan Al Galidi, Bristol city poet Vanessa Kisuule, Plattelandsdichter Paul Demets, kersvers P.C. Hooftprijswinnaar Alfred Schaffer, Dichter fan Fryslân Nyk de Vries en Neerlans ultieme ambassadeur voor de poëzie Ellen Deckwitz.… Lês fierder

Aginda 05-02-2021: Grutte Gedichtejûn ensafh DIGITAAL

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer!

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden roppe wy alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze.

Lês hjir fierder. Sjoch hjir foar it promoasjefilmke.… Lês fierder

Aginda 20-11-20: Presintaasje dichtbondel en blomlêzing Abe de Vries

logo.ensafh

Abe de Vries is in produktyf skriuwer en sa kin Utjouwery DeRyp twa boeken tagelyk presintearje dêr’t dizze skriuwer by belutsen is. De earste is De Vries syn tsiende dichtbondel, Blaumelly, en de oare is in blomlêzing mei ferhalen dy’t De Vries útkeazen hat fan de 19e-iuwske skriuwer Waling Dykstra. Beide boeken wurde op 20 novimber tagelyk presintearre yn it doarpshús fan Froubuorren/Vrouwenparochie.

Sjoch foar mear ynfo en opjefte by Utjouwerij DeRypLês fierder