Aginda 23-10-20: Dichtdiner lânskipsleafde ANNULEARRE

logo.ensafh

Dichtdiner lânskipsleafde

Ljouwert City of Literature organisearret op freed 23 oktober op ‘e nij in yntym dichtdiner. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer. Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage yn de sfearfolle seal fan de Westertsjerke wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. ANNULEARRE.

Lês fierder by City of LiteratureLês fierder

Aginda 30-10-20: Stúdzjemiddei Fryske Bibeloersetting oer ‘soarte’ Frysk

logo.ensafh

Wie Maria swanger, swier of yn ferwachting fan Jezus?
Sokke en oare taalfragen komme oan ’e oarder op in stúdzjemiddei fan YKFE-FBO, de stifting dy’t dwaande is om de Bibel opnij yn it Frysk oer te setten. Ien fan de fragen is: nei hokker Frysk wurdt oerset: dat fan ‘yn ferwachting’ (in lienwurd út it Hollânsk) of dat fan ‘swier’ (in ‘echt’ Frysk wurd)?

Sân saakkundigen binne útnûge om elk foar oar in aspekt fan dat ûnderwerp te beljochtsjen. It binne: prof.dr. Nicolien van der Sijs (Nijmegen), dr. Willem Visser (RUG/Fryske Akademy), dr. Lénart de Regt (Vrije Universiteit/United Bibel Societies), Nika Stefan MA (Fryske Akademy), Gerbrich de Jong MA (NHL-Stenden), prof.dr.… Lês fierder

Aginda 26-09-20: Europeeske Taledei mei streektalen en Tsead Bruinja

logo.ensafh

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.… Lês fierder

Aginda 03-10-20 o/m 24-10-20: Presintaasje nije bondels Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper

logo.ensafh

Parseberjocht Utjouwerij HISPEL
16 septimber 2020

De Utmolken Toer
Dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar op toernee troch Fryslân

Op 3 oktober 2020 wurde de beide nije dichtbondels fan Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, respektyflik Wite Mûle, Swarte Molke en Ommers, presintearre yn de notaristún yn Jorwert. Dat dogge hja mei kollega-dichters Gerrit de Vries en Sipke de Schiffart. Muzyk is der fan de band Xigatze.

Dy presintaasje is it startskot foar harren toernee troch provinsje Fryslân. Alle folgjende wykeinen yn oktober steane hja op in oar plak, mei oare kollega-dichters en Xigatze wurdt ôfwiksele mei Kuiper syn band Tigers fan Greonterp.… Lês fierder

Aginda 25-09-20: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 06-11-20: Tredde Dei fan de Fryske letterkunde

logo.ensafh

Op freed 6 novimber 2020 fynt de tredde Dei fan de Fryske letterkunde plak. Yn it ramt fan de Nederlânske befrijing dy’t dit jier 75 jier lyn is, is it tema dizze dei ‘Befrijing yn de Fryske literatuer’. Ferskillende sprekkers, ûnder oare heechlearaar Goffe Jensma en skriuwer Abe de Vries, sille lêzingen jaan. It kongres is tusken 10:00 en 16:30 oere yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar. Fanwegen koroanamaatregels is der romte foar in beheind tal minsken. It folsleine programma en mear ynformaasje oer oanmelding folgje ynkoarten. De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.… Lês fierder