Aginda 12-09-20: Presintaasje stripboek ‘It Blauwe Hûs’

logo.ensafh

Sneon 12 septimber de moarns om 10.00 oere wurdt yn ’e Sint Fitustsjerke fan Blauhús it Frysktalich histoarysk stripboek It Blauwe Hûs fan tekener Skelte Braaksma presintearre.

De strip fertelt de skiednis fan it doarp Blauhús oan ’e hân fan twa personaazjes dy’t inoar alle iuwen wer tsjinkomme. Hja meitsje alle grutte mominten fan it doarp mei, lykas oerstreamingen, it drûchlizzen fan de Sensmar (1630) tusken Greonterp en de Himdyk en de tiid dat it polderhûs mei blau tek – no fersoargingshûs It Teatskehûs – tsjinst die as skûltsjerke. Mar ek de evolúsje yn ’e tsjerke, de molkestaking yn ’e oarloch en doarpsfeesten lykas karnaval en de Merke steane deryn.… Lês fierder

Aginda 14-10-2020: PAUPER POËZIE yn Burgum

logo.ensafh

 

 

 

BOEKHANNEL BURGUM
PRESENTEARRET
WOANSDEI 14 oktober
FANÔF 7 OERE jûns
in
POËZIJ
FOARDRACHT
MEI
PAUPER POËZIE

GABRIELLE TERPSTRA
CHRISTA NIkLEWICZ
ALWIN VAN DER TOORN
LUBBERT JAN DE VRIES
+
To.Be.Arranged.Iepen mic.
dû?
lit it op de jûn oan ús witte……

FRIJ & BEAT & OUTLAW FERS
FRL & NL
EIGEN WURK & OERSET
TAGONG FERGEES FANSELS
… SJOCH JIM DÊR… Lês fierder

Aginda 18-09-20: Muzykrûte SatelLiet Aldebiltsyl mei RIXT-dichters

logo.ensafh

It suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ wurdt troch de organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ yn de hjerst fan 2020 trochset. De beide muzykrûtes ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum organisearre.

Yn ‘e rûte nei Liet 2020, dat plakhat op 6 novimber 2020, wurdt SatelLiet organisearre. Op freed 18 septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûtes mei lytsere en gruttere optredens te folgjen.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Aginda 29-08-20 o/m 01-11-20: It gelok fan Fryslân

logo.ensafh

IT GELOK FAN FRYSLÂN
In aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt!

Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.

Per doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnûgje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen.… Lês fierder

Aginda 26-08-20: Lêzing Marc van Oostendorp oer de takomst fan it Frysk. ANNULEARRE

logo.ensafh

Marc van Oostendorp is fan doel om it net allinnich oer it ferline (Everwinus Wassenbergh) te hawwen, mar ek oer de takomst fan de stúdzje fan it Nederlânsk en fan it Frysk. Dêr komt út soarte syn opfetting oer de rol en taak fan de Fryske Akademy by oan ’e oarder. Ut in fraachpetear mei de foarsitter fan de sollisitaasjekommisje op Omrop Fryslân wurdt dúdlik dat de Fryske Akademy wrakselet mei de syktocht nei in nije direkteur-bestjoerder.

Lês fierder by It Nijs. Jo kinne jo hjir opjaan.

FANWEGE SYKTE ANNULEARRE… Lês fierder

Aginda 29-08-20: Theun de Vries-kuier 2020

logo.ensafh

Met rasverteller Douwe Kootstra

De meester-verteller leidt opnieuw iedereen die belangstelling heeft langs de idyllische plekjes, die er nog steeds rondom Feanwâlden/Veenwouden zijn. Over die plekjes heeft de in Feanwâlden geboren auteur Theun de Vries met verve geschreven.

Mede vanwege het beperkt aantal deelnemers en de corona-crisis is reserveren verplicht. Ook dienen deelnemers zicht te houden aan de 1,5-meter- en andere corona-regels.

De wandeling voert over schilderachtige weggetjes en paden langs de plekken van het jongetje Wilt Tjaarda en zijn familie, waarover De Vries tal van verhalen op papier heeft gezet. Maar de kuiertocht voert ook langs het geboortehuis van de schrijver en de plek waar hij zijn vroegste jeugd heeft gewoond.… Lês fierder

Aginda 28-08-20: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder