Aginda 19-08-20: Pauper Poëzie Pop Ups yn Burgum

logo.ensafh

BOEKHANNEL BURGUM
PRESENTEARRET
WOANSDEI 19 AUGUSTUS
FANÔF 7 OERE / HEALWEI 8-EN
TUSKEN DE DOARREN HEAL OP’E DYK

POËZIJ
POP-UP PERFORMANCE
MEI PAUPER POËZIE
=
GABRIELLE TERPSTRA
MARIJKE(groetjesmarijke)
ALWIN VAN DER TOORN
LUBBERT JAN DE VRIES

FRIJ & BEAT & OUTLAW FERS
FRL & NL
EIGEN WURK & OERSET

TAGONG FERGEES FANSELS
SJOCH JIM DÊR
(BY MIN WAAR YN ’E WINKEL)… Lês fierder

Aginda 26-09-20: Presintaasje twadde bondel Hinke Veenstra: ‘Heit en ik’ ANNULEARRE

logo.ensafh

Hinke Veenstra (1958) uit Drachten presenteert zaterdag 26 september haar tweede gedichtenbundel: ‘heit en ik’. De presentatie, met muzikale omlijsting, is in Glinstrastate Burgum.

In ‘heit en ik’ combineert Hinke eigen werk met dat van haar heit, Sipke Veenstra. Door haar meer te verdiepen in het werk van haar vader ontstond er in deze schrijffase gaandeweg het concept voor een ‘petearbondel’, waarin ze haar vader beter leerde kennen en meer waardeerde. Een vader-dochter relatie die door de ‘papieren erfenis’ verdere verdieping kreeg.

Lês fierder by de Drachtster CourantLês fierder

Aginda 21 en 23-08-20: ‘Tiid’, befrijingskonsert mei Aggie van der Meer

logo.ensafh

TIID, bysûnder befrijingskonsert yn de Broeretsjerke yn Boalsert mei gedichtesyklus Aggie van der Meer. 21 augustus en 23 augustus

‘Der sil gjin tiid mear wêze’. It Quatuor pour la fin du temps fan Olivier Messiaen útfierd troch Marjolein van Dingstee op fioel, Corien Kolk op cello, Pauli Yap op piano en Pierre Lafay op klarinet.
Dichteres Aggie van der Meer skreau spesjaal foar dizze gelegenheid de gedichtesyklus: De tiid, it duorjen. De sân gedichten dy’t oanslute by de acht dielen fan Quatuor pour la fin du temps wurde foardroegen troch akteur Thijs Feenstra.
Op freed 21 augustus om 20.30 oere en snein 23 augustus om 15.00 oere.… Lês fierder

Aginda 26/27-09-20: Grutmasterkursus Poëzy fan Grotesk

logo.ensafh

Jo konsintrearje jo op oarspronklikens, ferdjipping en dichterlik masterskip. Jo sille de ferslaving fan skriuwen oankweekje. Jo sille it hert fan it fers ûnder eagen krije: dát wat jo fersen wichtich, driuwend en oertsjûgjend makket. Jo sille de alâlde techniken ferkenne en oefenje om frisse en ferliedlike fersrigels te skriuwen, bekrêftige troch de eksersysjes út jo eigen wurk wei. En dat yn ien hânsum yntinsive wykeinkursus.
Doch mei !

Op 26 en 27 septimber 2020 sil de alderearste masterclass poëzy yn de Fryske taal syn beslach krije. De doelgroep is de betûfte, effektyf publisearjende Fryske dichter: oan no ta moast dy om syn fakmanskip fierder te ûntjaan nei de rânestêd ta.… Lês fierder

Aginda 12-06-20: Sneak peek Fryske poëzy mei Arjan Hut, Elmar Kuiper en Sigrid Kingma

logo.ensafh

No’t it iepenbiere libben stadichoan wer begjint, organisearret de Westerkerk yn juny ûnder de titel ‘Vrij’ in pear yntime kulturele en literêre freedtejûnen. Leeuwarden City of Literature presintearret op freed 12 juny trije Fryske dichters, dy’t foardrage út nagelnij wurk. Tuskentroch kinst as besiker genietsje fan in ienfâldich, smaaklik miel.

Lês fierder by City of Literature

 … Lês fierder