Aginda 31-10-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 oere is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.

 … Lês fierder

Aginda 23-11- 2024: Us aller ierdappel

logo.ensafh

FEESTLIKE MANIFESTAASJE OER ÚS ALLER IERDAPPEL

Underwerpen: de ierdappel yn ús eardere tiden, ierdappelbou no, de rjappel yn ’e literatuer, as ferskynsel yn ’e byldzjende keunst, as muzyk yn ’e earen, as genot op ’e tonge, as deistige stof ta neitinken.
Wikselwurking troch krigel beärbeidzjen fan spanningsfjilden. Kritise kanttekeningen.
En tagelyk krúsbestowing.

Sjoch foar mear ynformaasje by Frysk en Frij

Jo kinne ek noch ynstjoere foar de Dichtbondel oer de ierdappel… Lês fierder

Teleks + Aginda 29-11-2024: Ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek yn Easterlittens

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekFloedBoek dy’t op freed 29 novimber om 20.00 oere yn kafee ‘Herbergh Het Wapen van Friesland yn Easterlittens holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge in koart ferhaal te skriuwen binnen it tema ‘Heech wetter’.

Heech wetter kin fansels frij ynterpretearre wurde. It kin gean oer it wettertij, kinst heech wetter ha ast nedich nei it húske moatst, of miskien stiet it wetter dy finansjeel of mentaal oan ’e lippen ta?

Skriuw dyn ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 15 novimber nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.… Lês fierder