Aginda 12-03-20: twa lêzingen by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’ oer JanMurk de Vries

logo.ensafh

Op tongersdei 12 maart binne der yn Obe twa lêzingen by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’, oer keunstner JanMurk de Vries. De jûn begjint om 20.00 oere (gjin ynrin); tusken de beide lêzingen wurdt der kofje en tee skonken

Lêzing Bert Looper ‘JanMurk en Quatrebras’
Bert Looper sketst yn syn lêzing it kulturele klimaat yn Fryslân yn de jierren 1950 – 1975. Sintraal stiet dêryn it tydskrift Quatrebras dêr’t de kearnpunten fan de kulturele fraachstikken fan dy tiid har yn konsintrearren. JanMurk de Vries wie inkele kearen belutsen by Quatrebras fanút in sterke maatskiplike belutsenens. It libben en tinken fan JanMurk ferbûn him mei en ûntjoech him yn it Fryslân út dy tiid.… Lês fierder

Aginda 25-03-20: Lêsber Fryslân on tour ‘Frjentsjer’

logo.ensafh

Theo Kuipers en Doeke Sijens fersoargje dan in ‘publykskolleezje’ yn de (krekt fernijde en weriepene Botniastins) foar de ‘Academie van Franeker’.

Achttiende eeuwse bijnamen van Franekers door Paulus Liger. Waarheid of verzinsel? – Theo Kuipers (Nl)
Wa wie Paulus Liger en wêrtroch is hy bekend bleaun? Wat is de wearde fan syn geskrift mei bynammen fan syn Frjentsjerter mei-boargers? In de koarte bydrage wol Kuipers sjen litte dat bynammen it byld fan it ferline libbener meitsje kinne. Se jouwe kleur en fleur oan it deistich libben, mar jouwe ek ynformaasje oer omgongsfoarmen, wurksumheden en gesachsferhâldings. Foar wa’t der gefoelich foar is, wurde drûge, toarre persoansgegevens trânsfoarmearre ta kleurrike en libbensechte persoanen.… Lês fierder

Aginda 08-03-20: Skriuwerskafee Harmonie mei Tsead Bruinja

logo.ensafh

Tekst de Harmonie:

Tsead Bruinja is een Friese dichter en benoemd tot Dichter des Vaderlands voor de jaren 2019 en 2020. Hij zal de komende twee jaar gedichten schrijven bij nationale gebeurtenissen en optreden als ambassadeur van de poëzie. Bruinja is een dichter die in eerlijke, eenvoudige woorden zowel gevoelig als scherp kan zijn, die een inval of anekdote tot gedicht kan verheffen en rauwheid en lyriek afwisselt.

Hij debuteerde in het Fries in 2000 met de Friestalige bunder De wizers yn it read/ De wijzers in het rood en in het Nederlands in 2003 met Dat het zo hoorde. Bruinja stelt bloemlezingen samen, recenseert, presenteert, interviewt en treedt op in het binnen en buitenland.… Lês fierder

Aginda 12-03-20: Sympoasium Fries Biografie Instituut

logo.ensafh

Sympoasium Fries Biografie Instituut

Op tongersdei 12 maart presintearje it Biografie Instituut fan de Rijksuniversiteit Groningen, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tresoar en útjouwerij Bornmeer it Fries Biografie Instituut.

​Op ferskate wizen wol it Fries Biografie Instituut it meitsjen fan goede biografyen stimulearje. In goede biografy tekenet it ferhaal fan de persoan yn it perspektyf fan de tiid. Net allinne binne de jiertallen fan belang, mar ek de betsjutting foar de mienskip, de wrâld dêr’t de persoan yn libbe. In goede biografy is in biografy dy’t de lêzer yn de besnijing hâldt, mar net tajout oan popularisearring. Troch te ynfintarisearjen, te stimulearjen en troch stipe te jaan yn redaksjonele en finânsjele kwesjes, anneks mei in publikaasje, wolle wy de kennis oer Fryslân en oan Fryslân ferbûne persoanen ferrykje en fergrutsje.… Lês fierder