Aginda 26-02-20: Presintaasje Fryske oersetting Lexicon Frisicum

logo.ensafh

Woansdei 26 febrewaris 2020 wurdt de Fryske oersetting fan it Lexicon Frisicum presintearre op it provinsjehûs yn Ljouwert. Belangstellenden wurde fan herten útnûge dêrby oanwêzich te wêzen.

It Lexicon Frisicum fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) kin sjoen wurde as it begjin fan de leksikografy fan it moderne Frysk. It lexicon hat úteinlik laat ta it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske taal (1984-2011) en alderhande oare wurdboeken dy’t by de Fryske Akademy ferskynd binne. It Lexicon Frisicum (1872) is skreaun yn it Latyn en is dêrom net hiel tagonklik. Lykwols is it wurdboek tige nijsgjirrich foar de (ynternasjonale) stúdzje nei de Europeeske 19de-iuwske leksikografy, dy’t sterk troch de Romantyk beynfloede is.… Lês fierder

Aginda 13-03-20 o/m 30-03-20: ‘In libbensreis yn ferhalen en muzyk’ mei Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra

logo.ensafh

Swalkje mei skriuwer Ferdinand de Jong en muzikant Gurbe Douwstra in pear oeren de wrâld oer. Sy nimme dy mei nei Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk. Freed 30 maart om 20.00 oere yn Café Marktzicht yn Drachten, sneintemiddei 22 maart yn it Kleastertsjerkje yn Koartehimmen, freed 27 maart om 20.00 oere yn de Broekster Tsjerke en op moandei 30 maart om 20.00 oere yn de Bibleteek It Hearrenfean. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 12-03-20- o/m 15-03-20: Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot ‘Poëdidos – Poëzie en (Ban)dido’s’

logo.ensafh

In programma foar freonen en troch freonen mei foardracht en muzyk fan alsidich keunstner Anne Feddema, skriuwer/dichter Martin Reints en skriuwer/dichter Edwin de Groot. Te sjen en te hearren op tongersdei 12 maart om 20.00 oere yn Snackbar de Jong yn Beetstersweach, sneon 14 maart fan 15.00 – 16.00 oere by Boekhannel Van der Velde Ljouwert, sneon 14 maart om 20.30 oere yn PERDU yn Amsterdam en snein 15 maart om 14.30 oere yn Café De Bak, dbieb Ljouwert. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 08-03-20 o/m 13-03-20: Skriuwer, ferteller en sjonger Bennie Huisman ‘Thús’

logo.ensafh

De foarstelling ‘Thús’ giet oer Huismans lêste roman Sanfirdo. De roman spilet him ôf yn Fryslân en is in ferfolchferhaal op de novelle Sânfurd út 1999. Yn de roman folget de skriuwer de personaazjes Liuwe en Elize oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld en yn it sykjen nei in “thús”. Oer dy tema’s, oer de roman sels, oer de fragen én de mooglike antwurden dêrop mar benammen it sykjen giet dizze foarstelling. Te sjen op snein 8 maart om 15.30 oere yn Podium Gorter Balk, woansdei 11 maart om 20.00 oere Café De Treemter Grou en freed 13 maart om 20.00 oere yn Muzykpleats Bûtenpost.… Lês fierder

Aginda 08-03-20 o/m 19-03-20: ‘Grinsgongers’ literêr programma fan Baukje Zijlstra en Sytse Jansma

logo.ensafh

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben? Snein 8 maart, 15.00 oere yn Het Brouwdok yn Harns, freed 13 maart 20.00 oere yn OBE Ljouwert en tongersdei 19 maart 20.00 oere yn dBieb Burgum. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 07-03-20: Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 04-03-20: Oraasje Han van der Velde ‘De verwaarlozing van het Fries’

logo.ensafh

by it beslút fan it kolleezje fan bestjoer mei yngong fan 1 april 2019 beneamd ta heechlearaar fan de fakulteit Geesteswetenschappen oan de Universiteit Utrecht om wurksum te wêzen op it fakmêd fan de ‘Sosjolinguïstyk, mei bysûnder omtinken foar de taalfariëteiten yn Fryslân’,

hat it foarnimmen om op woansdei 4 maart 2020 om 16.15 oere yn de Aula fan it Academiegebouw, Domplein 29 yn Utrecht syn amt te oanfurdigjen mei it hâlden fan in oraasje, mei de titel:

De verwaarlozing van het Fries

Sjoch fierder by de Fryske Akademy (ek foar oanmelding)… Lês fierder