Aginda 08-02-20 : GRUTTE GEDICHTEJÛN ENSAFH YN DRACHTEN

logo.ensafh

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wer yn Kafee Marktzicht yn Drachten en wer op 8 febrewaris, mar yn 2020 falt dat op in saterdei. Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal oft de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.

De dichters wurdt fersocht om ien fers foar te lêzen en net al te lange ynliedingen te hâlden, soks yn ferbân mei de beheinde tiid. Wa’t in gedicht fan har of syn favorite dichter foarlêze wol, hoecht net sels ek dichter te wêzen.… Lês fierder

Aginda 13-02-20: Lêsber Fryslân on tour yn Warkum

logo.ensafh

De meast ferkochte Fryske skriuwer Hylke Speerstra komt in jûn yn de biblioteek fan Warkum. Hy sil prate (en miskien wol foardrage) út syn wurk mei bekende titels as It wrede paradys en De oerpolder.

Ek Bert Looper, direkteur fan Tresoar, komt dizze jûn op de tekst. Hy sil fertelle oer de lêsten ferskynde literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân en giet dêrby yn op skriuwers út de regio.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Aginda 31-01-20: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 23-01-20: Dichter fan Fryslân yn Drachten

logo.ensafh

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, presintearret in jûn yn it Wâldfrysk, mei gedichten, ferhalen en muzyk. Der binne ek optredens troch Johan Veenstra, dy’t fertelle sil yn it Stellingwarfs, en Hein Jaap Hilarides, dy’t it Biltsk brûkt. Sy sille de ferskillen fan dy taalfarianten hearre litte en fertelle oer de komôf.

De jûn is yn De Lawei te Drachten en begjint om 19:30 oere. Kaarten binne te krijen by De Lawei.
De foarstelling wurdt mei mooglik makke troch Tresoar.

Boarne: SirkwyLês fierder

Aginda 30-01-20: Gedichte-aven in St.-Anne

logo.ensafh

Altyd op ’e lêste donderdeg fan jannewary fynt in de bibliotheek fan St.-Anne de gedichte-aven plak. Hieran doen elk jaar altiten ’n prot mînsen met.

Dut jaar is de gedichte-avend op donderdeg 30 jannewary en begint om 19.30 uur. Faste deelnimmers en besoekers binne wonnen dat Jan Faber en Frootje de Weert deuze aven organisere, want per slot fan reken hewwe se dut jaren deen. Maar baidegaar hewwe angeven dat se na soafeul jaar hiermet stoppe. Fan dut plak ôf wille wij hur och soa bedanke. Nou organiseert de ôfdeling Taal fan Bildts Aigene de gedichte-aven. Maar… Jan Faber is niet ferloren gaan, want Jan is beraid fonnen om de presintasy weer op him te nimmen!… Lês fierder