Aginda 15-11-19: Winterjûnenocht anno 2019

logo.ensafh

Op 15 novimber wurdt de samling ferhalen fan de Fryske skriuwers fan ‘Oare wurden’/’Other words’ oanbean. ‘Oare wurden’ is in projekt om ta kreative útwikseling fan skriuwers yn Europa te kommen. Twa fan dy skriuwers sille har ferhaal fertelle: Hein Jaap Hilarides en Karen Bies. De samling ferhalen wurdt meistjoerd mei tydskrift De Moanne.

Dêrneist hawwe skriuwers yn de wiken foar 15 novimber in kursus foardrachtskeunst folge by Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater. Dat binne Hedwig Bakker, Ydwine van der Veen, Renske de Boer, Ciska Noordmans en Sipke de Schiffart. Yn OBE litte sy har ferhaal hearre en litte sy sjen wat se leard hawwe.… Lês fierder

Aginda 15-11-19: Presintaasje oersetting ‘De bruorren Liuwehert’

logo.ensafh

Op freedtejûn 15 novimber presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Astrid Lindgren’s klassike berneboek De bruorren Liuwehert. It tiidleaze fantasyferhaal fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster, no yn in nagelnije Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra en mei bysûndere yllustraasjes fan Kim Hunnersen.

De presintaasje fynt plak yn de Skierstins te Feanwâlden, mei in gastoptreden fan skriuwer Willem Schoorstra, dy’t yn it Frysk foardrage sil út de Aldnoarske Edda. Fantasyrike muzyk wurdt fersoarge troch de band Kapriol’! Fierder is de hiele Skierstins spesjaal foar dizze gelegenheid iepen foar besichtiging.

De doarren gean iepen om 19.45 oere, it programma set om 20.00 oere útein.… Lês fierder

Aginda 16-11-19: Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019

logo.ensafh

Op sneon 16 novimber krijt Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk, út hannen fan deputearre Sietske Poepjes. Jo wurde fan herte útnûge om de priisútrikking by te wenjen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priisútrikking begjint om 15:00 oere. Ynrin fan 14:15 oere ôf. Nei ôfrin is der yn hotel De Wijnberg gelegenheid om de priiswinner te lokwinskjen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 17-11-19: Noflike middei mei Grytsje Kingma en Johan Veenstra

logo.ensafh

Op sneintemiddei 17 novimber fan 14.00 oere ôf sille sjongeres Grytsje Kingma en ferteller Johan Veenstra tegearre in noflike middei fersoargje yn de Kleastertsjerke fan Koartehimmen (ûnder Drachten). Veenstra syn ‘Stellingwarver verhaelen’ wurde ôfwiksele mei lieten fan Kingma. Hja hawwe in ôfwikseljend en moai oanslutend programma gearstald.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Aginda 10-11-19: Presintaasje Lêsber Fryslân

logo.ensafh

Tresoar nûget jo út foar de presintaasje fan Lêsber Fryslân/ Leesbaar Friesland op snein 10 novimber, fan 14:30 oere ôf.

De kleurrike literêr-geografyske kaart fan de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert dêr’t hûnderten Fryske, Nederlânske en ynternasjonale skriuwers har spoaren op achterlitten ha is klear! Graach wolle wy it momint fan ûntbleating mei jo fiere.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder