Aginda 12-12-19: Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer

logo.ensafh

Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer troch Babs Gezelle Meerburg en Lida Dijkstra, mei in muzikaal yntermezzo fan Tet Rozendal en Tseard Nauta

Babs Gezelle -Meerburg is dosint Frysk oan de NHL. Sy sil fertelle oer hoe’t Waling Dykstra Fryske skriuwsters oanset hat ta it skriuwen en it publisearjen. De rol fan Waling Dykstra wie sawisa al tige stimuleaarjend foar literatuer en toaniel.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Aginda 17-10-19: Spoken Word festival

logo.ensafh

Yvonne Willems fan Lokaalwerk, is ien fan de gearstallers fan de Waling Dykstra tentoanstelling. Sy sil oan it wurd oer it fenomeen Spoken Word. Dêrnei komme ferskate Spoken Word keunstners oan bod.
Dat binne: Nynke Laverman, Arjan Hut, Elske Kampen, Wiebe Kaspers, Annemarie Lindeboom en Atelier Ilse Vos, Ilse Vos de winner fan de Poetry Slam dy’t op 14 septimber hâlden is.

Sy sille it publyk yn oanrekking bringe mei it fenomeen ‘Spoken Word’: ‘de foardracht fan in selsskreaune tekst, dêr’t de foardracht fan ferheven wurdt ta keunst. Spoken Word is de keunst om de wurden fan it papier te heljen en se ta libben te bringen.’(oerset… Lês fierder

Aginda 11-10-19: Lêzing oer R.R. van der Leest en in bysûndere skaak- en dampartij by Tresoar

logo.ensafh

Lêzing oer R.R. van der Leest en in bysûndere skaak- en dampartij by Tresoar
11 oktober, 16.00

Op 11 oktober is Tresoar it dekôr fan in bysûnder barren. Tidens in lêzing oer keunstner R.R. van der Leest kin it oanwêzige publyk meidwaan oan in digitale ‘swalkjende’ skaak- en dampartij.

Yn 2004 joech R.R. van der Leest in boekje út mei dêryn tekeningen by in skaakpartij. Dy skaakpartij wie al mear as 100 jier lyn spile, mar wol mei 70 dielnimmers: elke set waard troch in oare skaker spile. De spilers stjoerden elkoar de setten ta oer de post, en sa reizge de partij de hiele wrâld oer: ‘de swalkjende partij’.… Lês fierder

Aginda 05-10-19: Utrikking Rely Jorritsmaprizen

logo.ensafh

Op sneon 5 oktober sil de 65ste útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen plak fine yn Bears. De bekroande ferhalen binne fan Elmar Kuiper fan Jorwert en Geert Nauta fan Wergea, de bekroande fersen fan Jetske Bilker fan Achlum, Remco Kuiper fan Goutum en Henk Nijp fan Mantgum. De prizen wurde útrikt troch mr. Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert.

Fan 15:30 oere ôf is der ûntfangst yn de Mariatsjerke yn Bears. De priisútrikking begjint om 16:00 oere yn de Ald Skoalle te Bears.… Lês fierder

Aginda 02-10-19: Tsien dichters te gast by IepenUp Live oer Dieredei

logo.ensafh

Kommende woansdei 2 oktober stiet IepenUp Live yn it ramt fan Dieredei. It is de bedoeling dat it ien grutte bisteboel wurdt: sprekbeurten, muzyk en gedichten oer favorite bisten. Troch de jûn hinne trede tsien dichters op, wêrûnder fiif Frysktalige dichters fan RIXT: Evita Bakker, Edwin de Groot, Ineke van der Heide, Sipke de Schiffart en Janneke Spoelstra.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Aginda 03-10-2019: Boekoanbieding karlêzing Waling Dykstra

logo.ensafh

Abe de Vries en Goffe Jensma jouwe beide in lêzing oer Waling Dykstra. Abe sil wat fertelle oer it troch him gearstalde boek: ‘Waling Dykstra, duvelskeunstner. Gedicht.’ Goffe Jensma sil ús besykje te oertsjûgjen wêrom’t ‘Waling-om’ sa’n grutte ynfloed hie en wêrom it ús yn dizze tiid noch altyd wat seit.
It earste eksimplaar fan it boek sil yn ûntfangst naam wurde troch Philippus Breuker.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’.

Tekst: TresoarLês fierder