Aginda 24-10-19: Proazagedichtejûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Proazagedichtejûn

De Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ferbliuwt fan ’t hjerst seis wiken yn Grins om nij wurk te skriuwen en oer te setten. Dichterskollektyf RIXT fûn dat in moaie gelegenheid om him út te nûgjen foar in Proazagedichtejûn op 24 oktober 2019 om 20:00 oere yn De Basuin te Ljouwert, tegearre mei Nyk de Vries

Nielsen is gjin ûnbekende yn Ljouwert, mei’t er yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Talepaviljoen MeM optreden hat. De Deenske dichter debutearre yn 1989 en hat wilens tsien gedichtebondels op syn namme stean. Hy is oersetten yn it Ingelsk, Italiaansk, Dútsk, Nederlânsk en Frysk.

Nyk de Vries hat twa proazagedichtebondels publisearre en is fierders bekend fan syn foarstellings en muzyk.… Lês fierder

Aginda 25-10-19: Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

Taalkundedei 2019

It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tsiende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde.

Yn de lêzingen wurdt oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen kinne holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Sjoch foar mear ynformaasje en it programma by de Fryske AkademyLês fierder

Aginda 27-09-19: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 26-09-19: Presintaasje ‘Nachtspraak’fan Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

Utjouwerij Perio presintearret de twatalige útjefte fan it gedicht Nachtspraak
fan Eeltsje Hettinga.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga reflektearret yn syn poëzy gauris op aktueel maatskiplike ûnderwerpen. Ek út syn wurk as Dichter fan Fryslân (2018-2019) sprekt dat engaazjemint. Yn Nachtspraak, in lang gedicht oer de fûnling Kaspar Hauser, leit Hettinga ûnder mear in ferbân mei de hjoeddeiske flechtling.
Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei syn gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje.… Lês fierder

Aginda 27 / 28-09-19: Presintaasje ‘Sanfirdo’ fan Bennie Huisman

logo.ensafh

In nij boek en in nije foarstelling fan Bennie Huisman

Earne yn Fryslân, midden yn it wetterlân súdwestlik fan Snits, leit Sânfurd. In moaie tsjerke, in pear pleatsen, in hânfol huzen. Sânfurd hat Benny Huisman tweintich jier lyn ynspirearre ta in lietsje en in novelle.
Dy novelle is no útgroeid ta de roman ‘Sanfirdo’.

De novelle spile him ôf yn in wike tiids. De roman lykwols folget deselde haadpersoanen oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld, yn it sykjen nei in ‘thús’. Tema’s dy’t in soad minsken dwaande hâlde en dy’t altyd wer fragen oproppe, dêr’t wy antwurden foar sykje.… Lês fierder