Aginda 26-09-19: Eb en Floed ‘Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei’

logo.ensafh

Om Europeeske Taledei te fieren organisearret it EBLT op 26 septimber yn it Trompteater yn Ljouwert in literêre moeting tusken Fryslân en Grinslân. Trije Grunnegerstalige skriuwers en trije dichters út Fryslân sille op dizze jûn yn Ljouwert optrede. De singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge.

Eb en floed, de see en it waad, binne eleminten dy’t ús taalgebieten ferbine. Op Europeeske Taledei sille jo Grunnegers heare út it easten, it noarden en it westen fan Grinslân, Bildts en Frysk.

De foardrachten op dizze Frysk-Grunneger literêre jûn komme fan Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag.… Lês fierder

Aginda 20-09-19: Kulturele Simmer/Hjerstjûn yn Tersoal 20 septimber 2019

logo.ensafh

Yn de âlde Vitustsjerke yn Tersoal is op 20 septimber in jûn mei muzyk, ferhalen, gedichten en skiednis. It tema is ‘Rispinge/Oogst’.

De skriuwers Syds Wiersma en André Looijenga sille al fertellend it publyk meinimme fan De Lege Geaën nei de westlike en eastlike úthoeken fan Europa. Muzikaal wurdt de jûn oplústere troch spylmansjonger Wytse Hospes, dy’t inkele lieten en gedichten op muzyk foar it fuortljocht bringe sil. Dêrneist sille der ek ljochtbylden fan Tersoal eartiids te sjen wêze. Yn it skoft kin der Hjersttee dronken wurde of in bakje Simmerkofje of fris.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Aginda fan 21-09-19 ôf: Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ en ferskate aktiviteiten yn Obe

logo.ensafh

Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ yn Obe
Fan 21 septimber ôf is der in tentoanstelling oer Waling Dykstra te sjen yn Obe. Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken.… Lês fierder

Aginda 14-09-19: Jubileum FLMD

logo.ensafh

Jubileum FLMD

Hjoed 10 septimber is it 60 jier ferlyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is stifting FLMD mei twa oare ynstellings fierder gien as it hjoeddeistige Tresoar.

It bestjoer fan de stifting FLMD nûget jo fan herten út om it 60-jierrich jubileum feestlik mei harren te fieren op sneontemiddei 14 septimber fan 15.00 oant 18.30 oere yn Tresoar.

Programma
15.00 oere – ynrin mei kofje en tee
15.30 oere – wolkom troch foarsitter Willem Verf
15.35 oere – FLMD oant en mei 2002, troch Tineke Steenmeijer–Wielenga
15.50 oere – gedichten en sang Elise Westerhof
16.05 oere – oanbieding Frysk literêr presintsje oan in tal 60-jierrigen
16.15 oere – Frysktalige poetry slam, in priuwke
16.45 oere – Fryske literatuer binnen Tresoar troch Bert Looper
17.00 oere – neisit mei in hapke en in drankje… Lês fierder

Aginda 06-09-19: Lêzing: ‘In hite simmerdei. It byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest’

logo.ensafh

Op freed 6 septimber jout Doeke Sijens in lêzing oer it byldzjend wurk fan skriuwer en keunstskilder Reinder van der Leest. Reinder R. van der Leest (Drachten, 1933) krige yn 1981 de Gysbert Japicxpriis en yn 1983 de Simke Kloostermanpriis. Yn 1994 studearre er ôf oan de keunstakademy AKI yn Enschede. Van der Leest syn skildersoeuvre beslacht mear as 25 jier. Doeke Sijens (Hantum 1955) publisearret oer literatuer en keunst. Syn lêste boek giet oer de skilder Jaap Min (2019). Yn dizze lêzing beljochtet er Reinder R. van der Leest syn byldzjend wurk. De lêzing is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Reizen om utens‘ oer Reinder van der Leest, dy’t fan 30 augustus o/m 27 oktober te sjen is yn de eksposysjeromte fan Tresoar.… Lês fierder

Aginda 12-09-19: Sympoasium Geert Aeilco Wumkes

logo.ensafh

Utnûging sympoasium Geert Aeilco Wumkes

Graach noeget Tresoar jo út foar in sympoasium ta eare fan Geert Aeilco Wumkes (4 septimber 1869 – 7 maaie 1954). Wy steane stil by de 150e bertedei en de 65e stjerdei fan in man dy’t yn de earste helte fan de 20e iuw ien fan de dragers wie fan Fryske taal en kultuer. In fassinearjend man dy’t allegearre funksjes en aktiviteiten op syn namme skreau en ek no noch in boarne fan ynspiraasje foar ús is. Fan 1924-1949 wie er bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, ien fan de foargongers fan Tresoar.

Yn trije lêzingen geane de folgjende sprekkers yn op dizze alsidige bodder:

Jelle Krol, ‘Wat beweegde Wumkes: Tusken Friezendom en Kristendom’
Bert Looper, ‘Hie Wumkes hier?… Lês fierder