Aginda 24-05-2024: Bondelpresintaasje ‘Oantinken’ fan Pieteke de Boer

logo.ensafh

Freed 24 maaie presintearret Pieteke de Boer har earste bondel/skrift mei poëzij. Gongbere teksten oer fertriet, rou en treast. Neist poëzij is der ek muzyk te hearren. Fan 16.30 – 17.30 oere.

Dichter Pieteke de Boer wûn yn 2016 in Rely Jorritsmapriis en skriuwt foar grut en lyts. Se stiet ûnder oare mei ferskes foar bern yn It Grutte Foarlêsboek I en II. Ek hat se twa jier lang gedichtsjes skreaun foar it Instagramakkount Biebguppies.

Sjoch foar mear ynfo by Biblioteek WommelsLês fierder

Aginda 19-05-2024: Pioenroaskonsert Winaam: “Kamermuziek”

logo.ensafh

 

Een intiem concert met piano, cello en zang rond de nieuwe bundel van Jabik Veenbaas: Kamermuziek

Corinne Moerbeek (piano), Willem Nijman (cello), Elise Keep (piano & zang) brengen een programma rond de nieuwe dichtbundel van Jabik Veenbaas (dichter): Kamermuziek, die eind mei verschijnt.

Jabik Veenbaas leest voor uit eigen werk. Corinne Moerbeek componeerde muziek bij verschillende gedichten uit de bundel. Die gedichten worden gezongen door Elise Keep en begeleid door Corinne Moerbeek zelf op piano en door Willem Nijman op cello. Er zullen ook instrumentale composities van Moerbeek worden ten gehore worden gebracht: twee delen uit haar suite voor cello en piano, de pianocompositie Connecting to Distance, gespeeld door Elise Keep en de quatre-mains-compositie Over de liefde, gespeeld door Corinne Moerbeek en Elise Keep.… Lês fierder

Aginda 07-05-2024: Slieker film x Leeuwarden City of Literature: The Waste Land

logo.ensafh

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea is ‘The waste land’ fan T.S. Eliot. Hûndert jier lyn skreaun, ynspirearret it noch alle dagen skriuwers, songwriters en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola.

Slieker film fertoant ien kear ‘The Waste Land’, op tiisdei 7 maaie om 19:30 oere. Dichter fan Fryslân Arjan Hut liedt de film yn mei in persoanlike refleksje en fertelt hoe’t dit wurk in wichtige ynspiraasjeboarne is foar de poëzijbondel dêr’t er op dit stuit oan wurket. Besikers krije in boekje mei dêryn sawol it orizjinele gedicht fan T.S. Eliot as in nij gedicht fan Ilja Leonard Pfeijffer.… Lês fierder

Aginda 27-06-2024: Fryske Poëzij Slam

logo.ensafh

In jûn fol Fryske Poëzy

Op tongersdei 27 juny om 19:30 oere is ús kafee De Gouden Leeuw it dekôr foar de Fryske SLAM 2024. Op dizze bysûndere jûn sille tsien talintearre dichters it tsjininoar opnimme yn in poëzywedstriid dêr’t de Fryske taal en kreativiteit sintraal steane.

De dichters dy’t harren wurk bringe sille, binne Marije de Lange, Kees de Vries, Carla van der Zwaag, Karst Tjoelker, Lara Kool, Sigrid Kingma, Martsje de Jong, Syds Wiersma, Tamara Feddema en Ypie Bakker. Elk fan harren sil stride om de titel ‘Bêste Fryske Foardrachtskeunstner’ en in jildpriis fan €500. Ferline jier wûn Syds Wiersma de slam en hy sil no syn titel ferdigenje.… Lês fierder

Aginda 25-04-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder