Aginda 29-11-18: Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis

logo.ensafh

Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis

Gerbrich de Jong

De leeftyd 12-15 jier is essinsjeel om in positive lêshâlding te ûntwikkeljen. Dêrom is it wichtich dat in learling yn dy faze positive lêsûnderfiningen opdocht fia boeken dy’t by him passe. Mar hoe komt er oan sokke boeken? En wat makket in boek geskikt? Op dy fragen wurdt yn dizze lêzing oer Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis antwurd jûn. De lêzing is yn ’t Frysk. Oanmelde fia: www.cursussen.dbieb.nl

Tagong: € 9,00. Evt. de jûns ek kaarten oan ‘e seal as der noch plak is. Tresoar, 19:45 – 21:30… Lês fierder

Aginda 01-11-18 Janneke Spoelstra en Sytse Jansma oer harren ûnderfinings yn it bûtenlân

logo.ensafh

Op 1 novimber hâlde wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar. It earste part is lotter foar ús leden, mar fan 19:00 oere ôf is it iepenbier. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma sille dan beide sprekke oer harren ûnderfinings as dichter yn it bûtenlân. Wat hat harren dat brocht, wat wie dêr moai of krekt net oan en wat betsjut soks foar harren dichterskip?

Boarne: It SkriuwersbounLês fierder

Aginda 15-11-18 Lêzing fisuele poëzy – Bert Looper

logo.ensafh

Lêzing fisuele poëzy – Bert Looper; 15 nov. 19.45 yn Tresoar
Mei it opfallende motto Sssstt…! Hjir flústeret de tiid is Tresoar yn 2018 folop dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan de Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Oanmelde fia:
www.cursussen.dbieb.nl Mei nije middels, grutte LED-skerms en 4 meter hege ‘poëzymasines’ presintearje dichters en keunstners harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. Yn de lêzing wurdt yngien op de rol en it belang fan fisuele poëzy. Tagong € 9,00. De lêzing wurdt troch Dbieb en Tresoar opset.

 … Lês fierder

Aginda 25-10-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 01-11-18: Lêzing Jelma Knol oer Net yn de prizen

logo.ensafh

Lêzing tongersdei 1 novimber 2018, 19.45 oere yn Tresoar, Ljouwert

Jelma Knol oer Net yn de prizen
Hoe serieus wurdt it literêre wurk fan froulju nommen?

Sûnt de Gysbert Japikspriis bestiet yn Fryslân, hawwe mar trije froulju de wichtichste literêre priis foar harren wurk krigen: de dichteressen Rixt, Ella Wassenaer en Tiny Mulder. De lêste kear wie yn 1986.

Dochs binne der gâns dichteressen dy’t wurk fan heech nivo publisearje: Baukje Wytsma, Margryt Poortstra, Albertina Soepboer, Elske Kampen. En poerbêste proazaskriuwsters: Hylkje Goïnga, Jetske Bilker, Greet Andringa, Marga Claus, Elske Schotanus. De opsomming fan nammen is fansels net folslein.

Yn literêre sjuerys sitte sûnt 1990 ek altyd ien of mear froulike sjueryleden.… Lês fierder

Aginda 25-10-18: De Voluspa yn it Frysk

logo.ensafh

It Voluspa projekt is in gearwurking tusken aktrise Eke Born, muzikant Rutger Dijkstra en ik sei de gek.

De Voluspa, of De profesij fan de sjenneres, is it iepeningsliet fan de Alde of Poëtyske Edda. Dy Edda is in samling goade- en heldelieten út Yslân. It wichtichste dêrfan is de Voluspa. Dêryn ferhellet in sjenneres, de Volva, de hiele skiednis fan de wrâld, fan de skepping oant de ein, it Ragnarok.

Yn it ramt fan Lân fan Taal sil de Voluspa foar it earst yn it Frysk oer it fuotljocht brocht wurde. Yn kombinaasje mei de muzyk ûnthjit de foardracht van de Volva in bysûnder barren, kleure fan in mystike, sjamanistyske sfear.

Lês fierder

Aginda 02-11-2018: De Nacht fan Quatrebras

logo.ensafh

De Nacht fan Quatrebras
02-11-2018 20:00-23:55

Op freedtejûn 2 novimber nimt Tresoar dy mei nei de wrâld fan Quatrebras, it tydskrift dat yn de jierren ’50 en ’60 in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer.

It bysûndere fan Quatrebras wie dat ferskate dissiplines – literatuer, keunst, toaniel, fisuele poëzy – gearwurken en in protte kreativiteit losmakken.

Op dizze jûn is ús bysûndere gast ien fan de lêste redakteuren fan Quatrebras, Gysbert Japicxpriiswinner Josse de Haan, dy’t spesjaal út Spaansk Baskelân wei oerkomt. Ernst Bruinsma sil him ynterviewe en wy biede him in faksimilee-útjefte oan fan syn ‘Anarky’s’.… Lês fierder