Aginda 06-10-18: Utrikking Rely Jorritsmaprizen

logo.ensafh

Utrikking Rely Jorritsmaprizen

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns
nûget jo út foar de útrikking fan
de Rely Jorritsmaprizen op

Sneon 6 oktober
om 14.30 oere
yn it doarpshûs fan Weidum, Bornialeane 1.

Ynrin fan 14.00 oere of.

De bekroande ferhalen binne fan:
Sipke de Schiffart, Ljouwert
Lomme Schokker, Hillegom
Koos Tiemersma, Drachten

De bekroande fersen fan:
Paul van Dijk, Warkum
Edwin de Groot, Aldehaske

De prizen wurde útrikt troch Sjoerd Feitsma,
wethâlder fan kultuer fan de gemeente Ljouwert.

Muzikale omlisting fan Piter Wilkens en Jan Stulp… Lês fierder

Aginda 03-11-18: Dach fan ut Stadsfries

logo.ensafh

Festival voor en in het Stadsfries.

In seuven Fryse steden wurdt Stadsfrys sproken. Foor ut eerst wurdt in festival organiseerd – de Dach fan ut Stadsfrys – om sprekers en skrievers in dy farianten fan ut Stadfrys metmekaar in kontakt komme te laten. Met Stadsfryse muzyk, taalspeltsys, gesprekken en de anbieding fan ut moaie boek “Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys” an CfK Arno Brok.

Lês fierder by VanPlanLês fierder

Aginda 05-10-18: Minifestival Lân fan taal en Explore the North

logo.ensafh

Op freed 5 oktober giet de 4e en lêste projeksje op de Aldehou yn premjêre. Om dit te fieren organisearje Lân fan taal en Explore the North in minyfestival op 5 en 6 oktober. Besjoch no it fergees tagonklike programma!

By de premjêre trede de makkers fan de projeksje – VANTA, WERC en Fresku – live op. Nei ôfrin is der in afterparty yn Obe. VANTA wurdt ynterviewd troch skriuwster Dorothy Blokland. De Karibyske band út Amsterdam treedt dêrnjonken ôfwikseljend mei spoken word-artysten fan Poetry Circle op. It bliuwt swingend mei dj Alex Figueira dy’t platen út Afrika, Latynsk-Amearika en it Karibysk gebiet draait.… Lês fierder

Aginda 03-10-18: Presintaasje ‘De trije klokketiers fan Koartsweagen’ fan Janny van der Molen

logo.ensafh

Presintaasje: De trije klokketiers fan Koartsweagen

Op 3 oktober presintearret Utjouwerij Bornmeer De trije klokketiers fan Koartsweagen, it earste oarspronklik Fryske boek fan auteur Janny van der Molen. Monique Beijer fersoarge de yllustraasjes. By it begjin fan de Nederlânske Berneboekewike sil it earste eksimplaar oanbean wurde oan Libbe de Vries, wethâlder kultuer fan de gemeente Opsterlân.

De trije klokketiers fan Koartsweagen is basearre op histoaryske feiten en is skreaun ta gelegenheid fan it Under de Toer-projekt De klok moat werom, wêrby’t de Mariatsjerke fan Koartsweagen sintraal stiet.

Oer it boek: Pier giet mei syn klasse op skoalreiske. Hy is tige teloarsteld dat se dit jier net nei in waadeilân sille lykas oars, mar nei Koartsweagen.… Lês fierder

Aginda 04-10-18: Presintaasje ‘Swallows and Floating Horses’

logo.ensafh

Op 4 oktober presenteren we de eerste tweetalige bloemlezing (in het Engels en Fries) van de Friese literatuur. Swallows and Floating Horses bevat proza en poëzie uit alle historische periodes en alle delen van Noord Europa waar het Fries werd gesproken en geschreven.

Reserveren gewenst via info@boekhandelvandervelde.nl

De drie redacteuren Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga hebben een kleurrijke verzameling van fragmenten bij elkaar gebracht die het verhaal van de Friese taal vertellen. Het Fries, de taal die op het Europese vasteland nog het meest verwant is aan het Engels, werd langs de hele kust van de Noordzee gesproken, tot aan Denemarken.… Lês fierder

Aginda 14-10-18: Lêzing oer Joast Halbertsma

logo.ensafh

Lêzing oer Joost Halbertsma

Snein 14 oktober de middeis om 14.00 is der in lêzing yn Tresoar oer Joost Halbertsma mei meiwurking fan Alpita de Jong, Jelle Krol en Eddy van der Noord

Alpita de Jong skreau de earste biografy oer Joost Halbertsma. Hy wie in alsidich man. In tinker, skriuwer en samler. Wat syn skriuwen sa nijsgjirrich makket, ‘is dat dy fia him in blik gund wurdt op de njoggentjinde iuw.’ De Jong tinkt dêrom dat har boek net allinne nijsgjirrich is foar de Halbertsma-fans, mar foar elkenien dy’t yn skiednis ynteressearre is. ‘Ik haw der bewust gjin akademyske eksersysje fan makke.… Lês fierder