Aginda 07, 15, 21 en 22-09-18: kuiertocht ‘De Wuttelhaven del’

logo.ensafh

‘De Wuttelhaven del’ op basis roman Gysbert Japicxpriiswinner Steven H.P. de Jong

De literêre stêdskuier De Wuttelhaven del is in projekt binnen Lân fan Taal dat yn it neijier fan 2018 plakfine sil. De kuier is fundearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japixcpriiswinner Steven H.P. de Jong. It ferhaal yn it boek tsjinnet as reade tried foar gedichten en lytse toanielstikjes op de rûte yn de talen Frysk, Ljouwertersk, Nederlânsk en Dútsk. De kuier rint troch moaie stikjes Ljouwert, mar lit tagelyk in tsjustere kant sjen. Op de rûte sille spilers de tema’s ferwurkje en sa it ferhaal fertelle.

19:00-20.30

L6es fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Aginda 02-09-18: It Marboei-projekt

logo.ensafh

It Marboei-projekt, troch Marrekrite en ‘de Moanne’ – Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter

Op snein 2 septimber tusken 13:00 en 17:00 oere presintearje kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en rekreaasjeskip Marrekrite alle oeren 4 dichters mei Fryske, Nederlânske en Flaamske poëzij. De Marboei-dichters Saskia Stehouwer, Maarten Inghels, Syds Wiersma en de Dichter van Fryslân, Eeltsje Hettinga bringe in literêr programma fol prachtige Marboei-poëzij. Wolkom yn de Ljouwerter Prinsetún oan bakboardkant fan it Marboeiskip. Nim plak op ien fan de Marboeien yn de Prinsetún en lústerje nei de moaiste poëzij fanôf it Fryske wetter tidens it UIT-Festival Ljouwert.

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline yn 2014 it projekt ‘De Marboei’.… Lês fierder

Aginda 14-09-18: Masterclass en dichtersoptreden tidens ‘Skimersone en loftkastielen’

logo.ensafh

Masterclass en dichtersoptreden tidens Iepening ‘Skimersone en loftkastielen’ , yn dialooch mei Escher

14 septimber om 16.00 oere, winkelsintrum Saailân, 1ste etaazje yn Ljouwert
Masterclass ‘Moderne kunst en Friese dichters’ troch Bert Looper.
Foardrachten fan acht Fryske dichters: Pieteke de Boer; Janna van der Meer; Lida Dijkstra; Henk Nijp; Beart Oosterhaven; Marije Roorda; Remco Kuiper en Paul van Dijk.

Utstalling 14 o/m 30 sept tiisdei o/m snein 12.00 – 17.00 yn winkelsintrum Saailân, 1e etaazje
Skimersône en loftkastielen, yn dialooch mei Escher
Sechstich leden fan it lanlike grafykplatfoarm VOG ha in útstalling. Gastútstalling fan Wim Jonkman en Mirka Farabegoli. Pop-up RISO print-wurkpleats.… Lês fierder

Aginda 31-08-18: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 07-09-18: presintaasje biografy Anders Minnes Wybenga

logo.ensafh

Freed 7 septimber wurdt yn sealesintrum Nij Sion yn Nijewier de biografy fan de Fryske skriuwer, dichter en taalstrider Anders Minnes Wybenga presintearre:

Yn eigen taal
gearstald troch histoarikus Jan Minno Rozendal
Wybenga wie gernier yn ՚e omkriten fan Wetsens. Njonken it wurk op syn bedriuwke hat er in soad foar de Fryske saak út ՚e wei set.
Syn bydragen yn It Heitelân, De Tsjerne, De Stim fan Fryslân, It Griff. Frysk Tydskrift, De Dockumer Courant, it Friesch Dagblad en Yn ús eigen taal, it ledeblêd fan it Kristlik Frysk Selskip, binne net te tellen. Wybenga wie de earste Fryske dichter dy՚t it oandoarst en set alle 150 psalmen yn it Frysk oer (útjefte yn 1923).… Lês fierder