Aginda 30-06-18: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 06-07-18: Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

logo.ensafh

Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

Op freedtejûn 6 july is Talepaviljoen MeM it dekor foar in ynternasjonale jûn mei literatuer en muzyk. Publyk is fan herte wolkom. Sintraal stiet de Baskyske taal en kultuer. Yn in ynformele talksjo komme ferskate sprekkers oan it wurd. Sa binne skriuwers Gerard de Jong en Bart Kingma te gast. Beide reizgen sy foar it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden nei Baskelân. Se fertelle oer harren ûnderfinings dêr en stelle de fraach oft der oerienkomsten binne tusken de Baskyske en Fryske taal en identiteit. Ek komt Mirjam Vellinga oan it wurd. As projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk is sy de betinkster fan de Baskyske wike.… Lês fierder

Aginda 06-07-18: Presintaasje ‘Freark fan Hallum’

logo.ensafh

Freed 6 july is de presintaasje fan it boek Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) en no streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931).

It boek beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175.
Yn 1575 hat Sibrandus Leo fan it Promonstratenzer-kleaster (orde fan Prémontré) fan Mariëndal te Lidlum by Tsjummearum yn de Vitae Fretherici it libben fan Freark beskreaun.… Lês fierder

Aginda 21-06-18 Lunsjlêzing Bas Hesselink: ‘Friese cultuur in boek en prent door een niet-Fries’

logo.ensafh

21-06-2018 12:00-01:30

​Elke tredde tongersdei fan de moanne organisearje Tresoar en De Culturele Onderneming in lunsjlêzing yn Ljouwert. Kom yn de kunde mei allerhande nijsgjirrige ûntwikkelingen en ûndersiken fan universiteiten, hegeskoallen en oare organisaasjes yn Fryslân. Op 21 juny wurdt de lêzing jûn troch Bas Hesselink, ekspert by Tussen Kunst en Kitsch. It ûnderwerp fan de lêzing is ‘Friese cultuur in boek en prent door een niet-Fries.’
Programma
12.00 ynrin
12.30 lêzing
13.15 fragen
13.30 ein

Reservearje
Graach reservearje op:
info@tresoar.frl/0587890740/0587890792

De lêzing is fergees.
Gebrûk meitsje fan de lunsj (2 broadsjes + 1 konsumpsje foar €3,00)? Dan dit graach apart fermelde.… Lês fierder

Aginda 14-06-18: Presintaasje werútjefte ‘Beafeart nei Saint-Martin’ fan Rink vd Velde

logo.ensafh

Tongersdei 14 juny presintearret Utjouwerij Bornmeer Beafeart nei Saint-Martin, de werútjefte fan de tredde Fryske roman van Rink van der Velde. De presintaasje fynt plak by Café Marktzicht yn Drachten en begjint om 17.00 oere. It earste eksimplaar sil offisjeel oanbean wurde oan Tom van Mourik, boargemaster fan Smellingerlân. Yn Smellingerlân wurdt fan 14 oant en mei 23 juny de Wike fan Rink holden ta eare fan de Fryske taal en literatuer en it libben en wurk fan Rink van der Velde.

 … Lês fierder

Aginda 13-06-18 Poëzie in de Oldehove

logo.ensafh

 

Woensdag 13 juni ‘Poëzie in de Oldehove’ georganiseerd door Historisch Centrum Leeuwarden. Een avond met dichters, verhalenvertellers en muziek. Aan het begin van de avond dragen drie leerlingen van OBS De Oldenije een zelf geschreven gedicht voor. Juryvoorzitter Edwin de Groot zal als voorgaande jaren commentaar leveren op de gedichten van de kinderen. Edwin (1963) dicht in het Fries en het Nederlands. Voor Edwin de Groot is poëzie een levensbehoefte en hij vindt het fantastisch om met taal te spelen. Twee regels van Wisława Szymborska: ‘Je bent – je moet voorbijgaan. Je gaat voorbij – en alles is oké’, zijn bij zijn werk het motto.… Lês fierder

Aginda 01 o/m 08-06-18: It Font

logo.ensafh

Fideokeunstner Lotte Middendorp en skriuwer/dichter Eeltsje Hettinga presintearje in multimediaal poëzyprogramma. Yn harren wurk binne byldzjende keunst, foardracht, muzyk en poëzy op in tige sintúchlike wize mei-inoar ferfrissele. In tal fan harren films wie earder te sjen yn it Frysk Museum en Museum Belvédère en op ‘e Frankfurter Buchmesse. Lotte Middendorp jout in koarte yntroduksje op har multimediaal en meartalich fideowurk, yn it bysûnder op har film ‘De lichamelijkheid van het Wad’. Eeltsje Hettinga – hy is yn 2018/2019 Dichter fan Fryslân – draacht ûnder oare in tal oan de films relatearre gedichten foar. Op 1, 3, 7 en 8 juny wurdt It Font folge troch sân koarte films, presintearre troch it Noordelijk Film Festival: Obe’s Ein, The Cap & Bells, Wave, Mozart, Luister, Manivald en Skógafoss.Lês fierder