Aginda 02-02-18 o/m 04-02-18: Iepening ‘Lân fan Taal’

logo.ensafh

It earste wykein fan febrewaris is de feestlike iepening fan Lân fan Taal, de frijsteat foar ekenien en alle talen. Untdek de skatkeamer fan de Fryske kultuer en skiednis by Tresoar en fyn ferhalen fan Ljouwerters yn it gemeentehûs. Kom binnen yn Obe, it nagelnije taalpoadium op it Aldehoustertsjerkhôf. Ek kinst genietsje fan de premjêre fan de earste fideoprojeksje op de Aldehou en is der in minyfestival yn de Prinsetún! Alles is fergees tagonklik. Sjoch op de webside fan Lân fan Taal foar in folslein programma.

Boarne: TresoarLês fierder

Aginda 25-01-18: Gedichtedei Dokkum mei Dongeradichter Tsead Bruinja en Iepen Poadium

logo.ensafh

Donderdag 25 januari vindt in Dokkum de jaarlijkse ‘Receptie voor het Gedicht ‘plaats. De Gedichtendag is het poëziefeest in Nederland en Vlaanderen. Ieder jaar op de laatste donderdag van januari staat de poëzie een dag lang in het zonnetje.

Onder het genot van een hapje en een drankje kan iedere belangstellende luisteren naar Dongeradichter Tsead Bruinja. Ook leerlingen van het Piter Jelles College zullen zelf geschreven gedichten voordragen. Eens in de twee jaar wordt een Open Podium gehouden. Dit jaar is het podium opnieuw beschikbaar voor poëzieliefhebbers. Stichting Dongeradichter roept bekend, maar ook onbekend talent in de gemeente op tijdens de ‘Receptie voor het gedicht ‘gebruik te maken van het Open Podium om een eigen gedicht voor te dragen.… Lês fierder

Aginda 25-01-18: Lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum

logo.ensafh

Yn it ramt fan Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ’e moanne hâldt dr. Anne Dykstra op 25 jannewaris yn it Provinsjehûs in lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum.

Oer de lêzing

Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) is foaral bekend fan de Rimen en Teltsjes, dy’t er mei syn bruorren Tsjalling en Eeltsje skreaun hat. Dat er mei syn postúm útjûne en ûnfoltôge Lexicon Frisicum (1872) oan ‘e widze stien hat fan de Fryske wurdboekskriuwerij, sil grif folle minder bekend wêze. Halbertsma wie mennist dominy, mar hy skreau oer fan alles en noch wat. Dat gie fan de Fryske tsjerke yn Rome oant Fryske en Germaanske folkloare, fan Fryske eigennammen oant âldheidkunde, en fan ‘witte wiven’ yn Oerisel oant it bûdisme.… Lês fierder

Aginda 26-01-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 13-01-2018: Snitser ferhalen en gedichten

logo.ensafh

Op zaterdagmiddag 13 januari organiseert Stichting FryX een culturele middag in het Dr. Wumkeshûs in Sneek. Vanaf kwart voor drie dragen diverse Sneker dichters gedichten voor en worden verhalen verteld. De middag is zowel voor bewoners als voor gasten gratis toegankelijk.

Stichting FryX stelt zich ten doel mensen met elkaar in contact te brengen via laagdrempelige culturele activiteiten op uiteenlopende plekken. Deze keer is dat dus in woonzorgcentrum Dr. Wumkeshûs. Er wordt een afwisselend programma met verzen en verhalen verzorgd door Tjeerd Ligthart, Marten de Rapper, Pepi Wadman, Sonja Fijlstra, Greet Slippens, Marten Visser, Wiebe Dooper, Ridsert Postma, Hillie van Brug en Riek Landman.… Lês fierder