Aginda 01-02-18: Grutte Gedichtejûn ensafh yn Neushoorn

logo.ensafh

Bêste dichter/belangstellende!

As poëtysk neigesetsje organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh in dei nei de Nationale Poëzieweek op 01-02-2018 yn Ljouwert de jierlikse Grutte Gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin.

Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne ien, net al te lang gedicht foardrage .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers kinne har opjaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal oft de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.… Lês fierder

Aginda 29-12-17: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 16-12-17: Skriuwersmiel fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

Ek dit jier hâldt it Skriuwersboun foar de leden in Skriuwersmiel. En dit jier sil dat wer plakfine yn ’e Skierstins te Feanwâlden.
Dat sil heve op 16 desimber fan 17:30 oere ôf (ynrin fan 17:00 oere ôf). De jûn sil oant in oere as 21:30 duorje.

It tema is ‘Reizgjen yn jo wurk’. Hein Jaap Hilarides is krekt werom fan syn ferbliuw yn Maribor, Slovenië, dêr’t er twa moanne sitten hat foar it projekt Oare Wurden. Hy sil dêroer koart op ’e tekst. Dêrnei binne jo oan bar. Wy freegje nammentlik fan alle mei-iters om op syn heechst fiif minuten te fertellen oer hoe’t jo reizgjen yn jo wurk ferwurkje of faaks ferwurkje soenen.… Lês fierder

Aginda 07-12-17: ‘Wat-jo-wolle dichtjûn’

logo.ensafh

De Moanne organisearret op tongersdei 7 desimber yn gearwurking mei Tryater de ‘Wat-jo-wolle dichtjûn’. Op dizze jûn sille Arjan Hut, Anne Feddema en Grytsje Schaaf it eksperimint oangean mei it publyk. Wat wol it publyk? Hoe fier gean de dichters? Slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

De dichters
Nei oanlieding fan de Tryaterfoarstelling ‘Wat-jo-wolle’ hawwe Arjan Hut, Anne Feddema en Grytsje Schaaf neitocht oer hoe ‘t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Tegearre mei it publyk sille de dichters op syk nei de perfekte dichtjûn. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?… Lês fierder

Aginda 14-12-17: Jelle Krol oer WOI en West-Europese minderheidstaal-literatuur

logo.ensafh

Al voordat de Eerste Wereldoorlog was afgelopen, zegde de Amerikaanse president Woodrow Wilson volken in Europa het recht van zelfbeschikking toe. Toen de vredes­onderhandelingen in 1919 begonnen, was er niet alleen in Oost- en Zuid-Europa bij kleine volken hoop op meer zelfbeschikking, maar ook in gebieden als Bretagne, Wales, Schotland en Fryslân. Hoe zetten vier schrijvers uit laatstgenoemde gebieden (Roparz Hemon, Saunders Lewis, Hugh MacDiarmid en Douwe Kalma) zich er voor in om hun taal op de kaart te zetten? Hoor het tijdens deze lezing!

Sjoch foar mear ynfo by volksuniversiteitfryslanLês fierder