Aginda 23-11-17: Lêzing Oera Lindaboek

logo.ensafh

Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat.​
Yn 1867 waard in mysterieus hânskrift ta bestudearring foarlein oan it Frysk Genoatskip. It wie Cornelis Over de Linden dy’t it hânskrift in oantal jierren dêrfoar krigen hat. It boek beskriuwt dat der al yn it jier 2000 foar Kristus in Fryske beskaving ûntstien wie dy’t as foarbyld jildde foar de beskavingen dy’t dêrnei kamen. Yn de jierren nei de ‘ûntdekking’ fan it boek wie der in soad diskusje oer de autentisiteit en wie men op syk nei de skriuwers. Ek yn it ynterbellum is it boek yn ‘e oandacht kaam en sels frij resint hat der ynteresse west yn it boek.… Lês fierder

Aginda 24-11-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 26-11-17: Dichter skriuwt Liet

logo.ensafh

Op snein 26 novimber organisearret Liet, yn gearwurking mei Jan Tekstra, in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Dat dogge se yn Grand Café De Friesche Club yn Ljouwert.

It skriuwen fan in goeie sjongtekst is net ienfâldich en faak in iensum proses. Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t dat proses wurket, keppelje wurde in tal renommearre Fryske dichters oan in pear goeie muzikanten/songwriters keppele en krije se de opdracht om yn koarte tiid mei-inoar in liet te meitsjen.

De trije groepen geane op ferskate lokaasjes mei harren opdracht oan ’e slach. De earste bliuwt in it kafee fan De Friesche Club, de twadde giet nei “De Bestemming”, in tsjalk oan de Willemskaaie, en de tredde giet oan it wurk yn boekhannel Van der Velde oan de Nijstêd.… Lês fierder

Aginda 14 o/m 30-11-17: Nyk de Vries docht fjouwer optredens foar Nederland Leest

logo.ensafh
Skriuwer/muzikant Nyk de Vries docht dizze moanne fjouwer optredens yn ’t ramt fan Nederland Leest, de lêskampanje fan de mienskiplike biblioteken. It tema fan de kampanje is dit jier ‘robotika’. De optredens sille wêze yn respektivelik Frentsjer, Bûtenpost en op Skylge en Skiermûntseach. De yn Noardburgum berne auteur bringt in ôfwikseljend programma dêr’t er foardracht út eigen wurk yn kombinearret mei sang, muzyk en filmkes. Fierders is der debat oer robotika en it temaboek ‘Ik, Robot’ fan Isaac Asimov. Nyk de Vries stie de ôfrûne jierren op in ferskaat oan poadia, û.o. op Lowlands en Oerol. Foar de Fryske biblioteken skreau er earder dit jier it Moardspul.
Lês fierder

Aginda 20-11-17: Fryske Literêre Jûn yn bibliotheek It Hearrenfean

logo.ensafh

De Friese schrijvers Ale van Zandbergen en Willem Verf verzorgen op maandag 20 november een Fryske Literêre Jûn in de bibliotheek aan het Burgemeester Kuperusplein in Heerenveen.

De muzikale omlijsting is in handen van de bekende Fryske troubadour Jaap Louwes. Deze avond met boeiende vraaggesprekken, pakkende voordrachten en intieme liedjes begint om 19.30 uur. Bezoekers krijgen drie culturele toppers voor de prijs van één en worden in de gelegenheid gesteld een gesigneerd boek of een cd met handtekening aan te schaffen.

Lês fierder by Groot HeerenveenLês fierder

Aginda 25-11-17: Sânde Fedde Schurerlêzing

logo.ensafh

Op sneon 25 novimber wurdt foar de sânde kear op rige in Fedde Schurerlêzing holden. De organisearjende partijen binne de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Alle kearen wurdt der omtinken frege foar in ûnderwerp dêr’t Fedde Schurer him mei dwaande hold. Dizze kear giet it oer skiednis en ûnderwiis. It tema sil wêze ‘Hoe wêzentlik is in universiteit foar in provinsje? Refleksjes út de skiednis yn Fryslân en earne oars wei.’

De komst fan Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân en de oanwêzichheid fan oare wittenskiplike ynstituten yn Fryslân wie oanlieding om prof. dr. Willem Frijhoff te freegjen it belang fan dy ûntjouwing yn in ynternasjonaal histoarysk perspektyf te besjen.… Lês fierder