Aginda 19-11-17: Presintaasje ‘Koarde fan ‘e tiid’ fan Beart Oosterhaven

logo.ensafh

Dierbere famylje, freonen, goekunde en oare nigethawwers oan poëzij en muzyk,

Op snein 19 novimber 2017 presintearje ik myn nije dichtbondel Koarde fan ’e tiid. Behalve gedichten steane yn dy bondel liettekstoersettings fan wurk fan sokken as Willie Dixon, Leonard Cohen en Tony Joe White.

Der sit nochal wat ‘muzyk’ yn myn gedichten (en fansels ek yn ’e liettekstoersettings!), dêrom wurd ik wilens de presintaasje bystien troch de gitaristen Maaike Oosterhaven en Nathaniël van Veenen.

Ik soe it hartstikke moai fine, as jimme, mei jimme eventuele libbenspartner(s), de presintaasje fan Koarde fan ’e tiid bywenje wolle soene! Jimme binne op 19 novimber fan 15.30 – 17.00 oere fan herte wolkom yn:

Doarpshûs Yn ’e Mande
Galemawei 13
te Wjelsryp.… Lês fierder

Aginda 24-11-17: Bekendmakking Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. De sjuery hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op 24 novimber 2017 om 16:00 oere makket deputearre fan kultuer Sietske Poepjes yn de Herman Gorterkerk oan de Raadhuisstraat 27 yn Balk bekend wa’t de earste Dichter fan Fryslân wurde sil. Jo binne hjirby fan herte útnoege, de tagong is fergees. Graach hearre wy fan jo oft jo by de bekendmakking oanwêzich wêze wolle, opjefte fia ynfo@dichterfanfryslan.nl.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Aginda 09-11-17: Premjêre “Yn dit lânskip leit myn libben”

logo.ensafh

Tresoar en Noordelijk Film Festival nûgje dy graach út foar de premjêre fan de dokumintêre “Yn dit lânskip leit myn libben”, in film oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan de Fryske literatuer.

Mei de Fryske taal as ark, wurken de Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma op in idyllyske lokaasje oan in brief oer harren persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer.
Huub Mous, keunsthistoarikus, en kenner en kritikus fan kultureel Fryslân, pleatst
de Fryske literatuer yn in Europeesk perspektyf.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Aginda 12-11-17: Literatuer en muzyk op sneintemiddei

logo.ensafh

Literatuer en muzyk op sneintemiddei

12 novimber 2017

Skierstins Feanwâlden

Ale S. van Zandbergen lêst foar út syn nijste roman ‘famke famke’en Willem Verf út syn lêste roman ‘It sinfol bestean’. Tuskentroch muzyk fan Jaap Louwes.

Seal iepen: 15.15 oere

Start programma 15.30 oere

Tagong: € 5

Moetsje skriuwers en sjonger! Dizze middei wurdt mei mooglik makke troch stipe fan “Boeken fan Fryslân”

Boarne: SirkwyLês fierder

Aginda 02-11-17: Untdek de Fryske literatuer

logo.ensafh

Bestiet der Fryske literatuer? Giet dy oer boeren, trekkers en kij? De lêzing dy’t Meindert Reitsma op 2 novimber yn Tresoar jout, bringt de harkers dêr op in leechdrompelige manier mei yn ’e kunde. Se ûntdekke wa’t de belangrykste skriuwers fan dit momint binne, hearre mear oer de aktuele wearde fan Fryske boeken en ûnderfine wat de sizzingskrêft fan literatuer yn ’t Frysk wêze kin. Se stappe de wrâld yn fan de Fryske literatuer, in wrâld dy’t faaks fier fuort liket, mar eins hiel tichtby is.​

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Aginda 05-11-17: ‘De lange reis naar Berlijn’ fan Bennie Huisman

logo.ensafh

Zo. 5 nov. 15.00 u. -´De lange reis naar Berlijn´

Bennie Huisman

Literair-muzikale voorstelling van Bennie Huisman

De Lange Reis naar Berlijn Berlijn is tegenwoordig misschien wel de meest populaire stad voor toeristen van Europa. Een moderne stad met vrachten vol historie: Tweede Wereldoorlog, Koude Oorlog en de Val van de Muur. Bennie Huisman (1947) bezocht de stad meerdere malen te fiets of te voet en schreef er het verhalenboek met CD ‘Naar Berlijn/Nei Berlyn’ over.

In de Schierstins zingt hij over Berlijn met eigen en historische liederen. Bennie Huisman is zanger – van kleinkunst tot klassiek – verhalenverteller & schrijver.… Lês fierder

Aginda 27-10-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder