Aginda 14-10-17: Utrikking Gysbert Japicxpriis

logo.ensafh

Sneon 14 oktober is it safier, dan wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân útrikt, de bjusterbaarlike Gysbert Japicxpriis. Dan krijt Eppie Dam út hannen fan deputearre Sietske Poepjes de priis foar syn dichtbondel Fallend ljocht. Hy ûntfangt in bedrach fan € 10.000. Sjoch hjirûnder foar de útnûging foar dizze middei. Elk is fan herten wolkom.

Lês fierder by Sirkwy

 … Lês fierder

Aginda 05-11-17: Petear mei Riek Landman

logo.ensafh

In gesprek met…Riek Landman

Stichting FryX presenteert een gevarieerd programma rondom Riek Landman, schrijfster en ooit mede-oprichter van en actrice bij Tryater.
Zij schreef onder meer een serie misdaadromans rondom de politievrouwen Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra. Daarnaast schreef ze psychologische romans en tal van toneelstukken.
Het is alweer even geleden dat haar laatste boek verscheen, maar Riek Landman zit nog vol mooie verhalen.

Amieke de Rapper gaat met haar in gesprek over haar veelbewogen leven.

Aan het programma werken verder mee de Sneker dichters Hillie van Brug en Marten Visser. Dicky Riemersma verzorgt de muzikale begeleiding.

Zondag 5 november, 16 uur
(zaal open om 15.30 uur)

Stadsherberg Sneek, Lemmerweg 8, Sneek

Kaarten á € 3,50 (incl.… Lês fierder

Aginda 22-10-17: Baskyske literêre middei yn húskeamerteater De Wier

logo.ensafh

Baskyske literêre middei yn húskeamerteater De Wier

Op sneintemiddei 22 oktober organisearret Other Words / Oare Wurden yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier yn Koarnjum in Baskyske literêre middei. Der trede ferskate skriuwers op, der binne fraachpetearen en der is muzyk. De presintaasje is yn hannen fan Karen Bies.
De Fryske skriuwer Bart Kingma en de Biltske skriuwer Gerard de Jong hawwe yn it ramt fan Other Words acht wiken yn de stêd Donostia (San Sebastián) yn Spaansk Baskelân wenne. Bart wie dêr yn de hjerst fan 2016 en Gerard yn de maityd fan 2017. Baskelân hat op beide in grutte ynfloed hân.… Lês fierder

Aginda 29-10-17: Boekpresintaasje oer it libben fan Arjen Dijkstra

logo.ensafh

Boekpresintaasje: oer it leven fan Biltske dichter Arjen Dijkstra
Yn 2016 ferstoar Arjen Dijkstra, dé dichter fan it Bilt(sk).Yn syn deistich libben wie Dijkstra learaar oan de Mavo, en dêrfoar oan de Mulo. Syn neilittenskip bestiet út foto’s, dokuminten en ek sawat fiifhûndert gedichten, foar in part net earder publisearre.
Tegearre mei Stichting Ons Bildt wurket it Bildts Dokumentasy Sintrum oan in boek oer syn libben en wurk. Dit boek wurdt presentearre op snein 29 oktober, om 15.30 yn Ons Huis yn Sint Anne. Nijsgjirrich foar it Bildts Aigene en de Bildtse Strúnroete mar fansels ek foar leafhawwers fan poëzij.
Tagong fergees, konsumpsje tsjin betelling.… Lês fierder

Aginda 27-10-17: Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de njoggende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. Dat sil wêze op freed 27 oktober 2017.
De lokaasje: Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, Ljouwert. Ynrin is om 9:30 oere. It programma begjint om 10:00 oere en wurdt ôfsletten mei in buorrel om 16:30 oere.

Klik hjir foar it programma en hjir foar de gearfettingen.… Lês fierder

Aginda 03-10-17: Minority Bustour

logo.ensafh

Op 3 oktober komt der in bus oan yn Ljouwert. Dat sil wol faker barre, mar ditkear is de bus krekt wat spesjaler: it is in busfol Europeeske minderheden dat op besite is by it Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK).

De Youth of European Nationalities (YEN) makket nammentlik in toer troch hiel Europa om op ferskate plakken op besite te gean by jongerein fan minderheden. De bustoer “Crossing Rivers” wol sa it jier fan YEN ôfslute dêr’t se ‘brêgen boud’ hawwe om minderheden in sterkere posysje te jaan. De bus stekt binnen tsien dagen oan by alderhanne minderheden, ûnder oare de Noard-Friezen yn Dútslân, de Retoromanen yn Switserlân, de Súd-Titoalers yn Italië en de Sorben yn Dútslân.… Lês fierder

Aginda 04-10-17 Boekpresintaasje Regaad ‘Teltsjes fan Tellegen’

logo.ensafh

Teltsjes fan Tellegen’ is in boek mei alventritich fan de moaiste ferhalen fan de grutte ferteller Toon Tellegen, mei soarch selektearre út syn ûnbidich grutte oeuvre. Tellegens wurk heart ta de moderne klassikers, en is no foar it earst ek yn it Frysk te lêzen. De yllustraasjes binne fan it jonge talint Douwe Dijkstra; de oersetting is fan Anne Tjerk Popkema.… Lês fierder