Aginda 30-06-17: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

 

Fremibu is dit kear yn Tresoar, net yn Wouters, fanwege it gearfallen mei de útrikking fan de D.A. Tammingapriis op itselde tiidstip.

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed!… Lês fierder

Aginda 30-06-17: “Tour de Frise” mei Bert Wagendorp yn Grins

logo.ensafh

“Tour de Frise” mei Bert Wagendorp yn Grins

Op freedtejûn 30 juny, de deis foardat de Tour de France begjint, organisearret Utjouwerij Regaad de Tour de Frise, in sportliterêre jûn yn Grins. Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle mei anekdoaten, kollums, gedichten, ynterviews, filmbylden, en in sportmuzykkwis. Boppedat wurdt de Fryske oersetting presintearre fan de bestseller Ventoux, fan Bert Wagendorp, oerset troch Martsje de Jong. Nei ôfrin fan it programma sille Bert Wagendorp en Martsje de Jong ek sinjearje.… Lês fierder

Aginda 10-06-17: Literêre rûte Feanwâlden

logo.ensafh

 

 Literêre rûte Feanwâlden

Op sneontemiddei 10 juny 2017 hâldt literêr tydskrift ensafh in literêre rûnlieding troch Feanwâlden en omkriten. Wy starte om 14.00 oere, op ’e fyts, by it stasjon. De gids is Jelma Knol, ynwenner fan Feanwâlden en redakteur fan ensafh. De tocht duorret sa’n oardel oere.

Jo gids op 10 juny

Feanwâlden is in echt skriuwersdoarp. Wy geane fansels by in pear plakken lâns dy’t in rol spylje yn it wurk fan Theun de Vries, mar benammen al dy oare Fryske skriuwers, dy’t hjir wenne hawwe of wenje, komme no ris oan bar, fansels mei harren wurk: Durk van der Ploeg, Lipkje Post-Beuckens (Ypk fan der Fear), Douwe Kootstra, Bertus Klazinga, folksdichter Tsjipke Postma en oaren.… Lês fierder

Aginda 03-06-17: De trekker fan Troje yn Snits

logo.ensafh

De trekker fan Troje yn Snits

Sneon 3 juny is skriuwer/muzikant Hein Jaap Hilarides yn boekhannel Van der Velde yn Snits. Hy lêst foar út syn nije roman De trekker fan Troje. Ek spilet hy boogiewoogie en Gypsy Swing op de piano mei Bokke Rijpma op Spaanske gitaar. It programmaatsje wurdt werhelle.
‘Identiteit, de Fryske saak, leafde en wraak binne de tema’s fan dizze roman dy’t lêst as in thriller.’

Snits – boekhannel Van der Velde
Sneon 3 juny – 14.00-16.00 uur, fergees… Lês fierder

Aginda 15-06-17: Poëzie Avond in De Oldehove

logo.ensafh

Poëzieavond met o.a. Edwin de Groot (dichter), Sake Hijlkema (muzikant) en verhalenvertellers.

Donderdag 15 juni Poëzie Avond in De Oldehove, eerste verdieping.

Ter gelegenheid van Sint Vitusdag organiseert Historisch Centrum Leeuwarden een speciale poëzieavond in de Oldehove, de scheve toren van Leeuwarden op donderdag 15 juni 2017. Een avond met dichters, verhalenvertellers en muziek. Aan het begin van de avond dragen leerlingen van OBS De Oldenije een eigengemaakt gedicht voor.

Edwin de Groot (1963) dicht in het Fries en het Nederlands. In 2016 is op de valreep zijn vierde Friestalige bundel bij de Afûk verschenen en zal de Nederlandstalige uitgeverij In de Knipscheer uitkomen.… Lês fierder

Aginda 26-05-17: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De folgjende FreMiBu jg 16/17 is op freed 26 maaie.

Wa’t it dizze kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke lêste freed fan de moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.… Lês fierder