Ferhalewedstryd 2017 (Skriuwersboun, Cedin, Friesch Dagblad)
Foar de ferhalewedstryd dy’t alle jierren organisearre wurdt troch Skriuwersboun, Cedin en Friesch Dagblad wienen der 51 ynstjoeringen yn it Frysk en yn it Stellingwerfsk, ferdield oer in junior- (12) en in seniorkategory (39). Dit jier wie it tema ‘Gjin styl?!’. Dat ûnderwerp hie te krijen mei it feit dat it dit jier hûndert jier ferlyn is dat de Nederlânske keunstbeweging ‘De Stijl’ oprjochte is.
De sjuery, besteande út Jetske Bilker, Paul van Dijk en Geart Tigchelaar, hat de útslach ûnderwilens fêststeld.
By de folwoeksenen falle (yn willekeurige folchoarder) Jan Bijlsma (‘Jan-Pyt, Joris en Corneel’), Tryntsje van der Veer (‘Oare streken’) en Harmen Houtman (‘Niet langer wit…’) yn de prizen.… Lês fierder