Aginda 08-02-17: Douwe Kootstra en Iris Rusz yn De Pleats, Burgum

logo.ensafh

Douwe Kootstra en Iris Rusz fertelle ferhalen en spile muzyk yn De Pleats yn Burgum op woansdei 8 februari om 20.15 oere.

In hiele bysûndere jûn fol ferhalen, muzyk en feiten oer ien fan de ferneamste samlers fan folksferhalen út Nederlân: .Dam Jaarsma. De betûfte ferteller Douwe Kootstra lit prachtige priuwkes hearre út Jaarsma syn enoarme skatkiste fol fan de meast nuveraardige folksferhalen út Eastlik Fryslân. Iris Rusz fan Stichting Dam Jaarsma jout yn wurd èn byld op oansprekkende wize ynformaasje oer dizze singeliere Eastermarder.

As ôfwikseling sjonge Sytse Wilkens en Ate de Boer in tal teksten fan Jaarsma. Se ha se spesjaal op muzyk set.… Lês fierder

Aginda 12-02-17: Meindert Talma as ‘Wâlddichter’ yn Twizel

logo.ensafh

Op 12 februari in Twijzel

Talma’s eerste optreden als ‘Wâlddichter’ in Achtkarspelen is zondag 12 februari vanaf 16.00 uur in de Petruskerk in Twijzel. Voor de pauze over de dammer Jannes van der Wal en daarna over Surhuisterveen: ‘Werom nei Surhústerfean’. Kaarten zijn te bestellen via berend.vanderwal@hetnet.nl.
De eerste gemeentedichters waren Sytse van der Werf en Ate Grypstra.

Boarne: ActiefonlineLês fierder

Aginda 27-01-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

FreMiBu foar skriuwers en dichters

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De fjirde FreMiBu jg.17 is op freed 27 Jannewaris.

Wa’t it dizze kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke lêste freed fan de moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid.… Lês fierder

Aginda 26-01-17: Presintaasje gedichtebondel doarpsdichter Achtkarspelen

logo.ensafh

Op tongersdei 26 jannewaris presintearret de gemeente Achtkarspelen de gedichtebondel fan Wâlddichter Suzan Bosch. By dizze gearkomste wurdt ek de nije doarpsdichter fan Achtkarspelen bekend makke en foarsteld.

Suzan Bosch wie yn de perioade 2014-2016 de tredde Wâlddichter yn de gemeente Achtkarspelen. Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen, ha wy sûnt 1999 in doarpsdichter. De eardere doarpsdichters wienen Sytse van der Werf en Ate Grypstra.

Lês fierder by de Kollumer CourantLês fierder