Aginda 27-01-17: Grutte Gedichtejûn Frysk Literêr Tydskrift Ensafh

logo.ensafh

Bêste dichter/belangstellende!

Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 27-01-2017 yn Ljouwert in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin.

Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne ien, net al te lang gedicht foardrage .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers kinne har opjaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.
De dichters wurde fersocht ien fers foar te lêzen en net al te lange ynliedingen te hâlden, dit yn ferbân mei de beheinde tiid.… Lês fierder

Aginda 15-01-17: Ferhaletocht yn Alde Leie

logo.ensafh

Ferhaletocht yn Alde Leie op snein 15 jannewaris 2017

Op sneintemiddei 15 jannewaris 2017 sitte trije fertellers op ferskillende lokaasjes yn Alde Leie klear om jim harren ferhaal te fertellen. De fjirde ferteller sil oan ’e ein yn it doarpshûs syn ferhaal fertelle.

Yn ploechjes geane jim mei in gids by de fertellers op ’e lokaasjes lâns. Nei it lêste ferhaal yn it doarpshûs stiet foar alle dielnimmers in Snert-buffet klear.

Ynrin: 15.30 oere yn doarpshûs Us Gebou, Streek 9, Alde Leie.
Kosten: € 15,00 p/p (ynkl. Snert-buffet) te beteljen yn it doarpshûs.

Oanmelde foar woansdei 11 jannewaris by Tineke Walstra, tel.… Lês fierder

Aginda 26-01-17 Petear mei Elmar Kuiper yn Grins

logo.ensafh

Elke derde donderdag van de maand schuift een bijzondere gast aan tafel bij Rense Sinkgraven voor een lunch en een goed gesprek. Dit keer is Elmar Kuiper te gast! Rense spreekt met Elmar over zijn favoriete kunst, muziek die hem weet te ontroeren en boeken die een grote indruk op hem hebben gemaakt.

Locatie: Groninger Forum, locatie Oude Boteringestraat 18, begane grond (de Cirkel).

Sjoch foar mear ynfo by Groninger ForumLês fierder

Aginda 03-01-17: Iepenbierensdei

logo.ensafh

Op tiisdei 3 jannewaris 2017 is it foar de twadde kear Iepenbierensdei by Tresoar. Mei yngong fan it nije jier wurdt wer in grut oantal nije dossiers en dokuminten iepenbier. Op Iepenbierensdei publisearren wy in oersjoch fan al dy iepenbiere dossiers en dokuminten. Om’t iepenbierensbeheiningen faak fêstlein wurde foar 75 of 50 jier, giet it benammen om stikken út de jierren 1941 en 1966.

Sjoch foar mear ynfo by TresoarLês fierder

Aginda 29-12-16: Verhalenfestival Balk

logo.ensafh

Meer dan tien inspirerende verhalenvertellers en begeleidende muzikanten treden op in de knusse huiskamers van historische panden aan de Luts. Ook dit jaar staat bezoekers weer een interessant programma te wachten.

Sjonger, ferhalenferteller en skriuwer Bennie Huisman staat solo op het podium: humor en bezinning zijn zijn thema’s. Stadsdichter Henk van der Veer, die denkt, skrieft, praat en droomt yn
ut Snekers, treedt samen op met de Balkster gitarist Johan Keus. Verteller Frank Belt put tijdens zijn performance graag uit de Friese verteltraditie. Hij wordt begeleid door bassist Oeds Bouwsma.

Sytse Bouwhuis uit Wyckel duikt in de historie van huis Meerzicht.… Lês fierder

Aginda 23-12-16 Presintaasje ‘Brieven oan dy’ fan Tryntsje van der Veer

logo.ensafh

Op freed 23 desimber presintearret Tryntsje van der Veer har nije novelle ‘Brieven oan dy’ yn Jorwert Nijkleaster en de Ingelske oersetting ‘Letters to you’. In novelle mei CD oer lositte, langstme en fertrouwen.

​Freed 23 desimber 2016
Jorwert Nijkleaster
​ynrin 16.30, gearkomste 17.00 – 18.30

Komst graach trochjaan oan tjallienkalsbeek@outlook.com… Lês fierder

Aginda 28-12-16 Sympoasium Kryst Kongres 2016

logo.ensafh

Sympoasium Kryst Kongres 2016

Ek dit jier organisearre wy as krystkongres kommisje wer in geweldich sympoasium. It tema dit jier is: “De Fryske Identiteit”. Wy wolle antwurd op de fraach: Bestiet de Fryske identiteit? En sa ja wat is dizze identiteit? Ek dit jier hawwe wy wer in oantal geweldiche sprekkers regele hokker wy bekend sille meitsje yn de lêste wiken nei t sympoasium.
Dit sympoasium is foar elkenien tagonklik, dus liket ‘t jo aardich om tegearre mei ús, de leden fan FFJ Bernlef, WSSFS en de sprekkers fan miening te wikseljen oer dit tema. Twivel dan net en kom gesellich nei ús sympoasium.… Lês fierder