Aginda 26-11-16: Friesche Schrijvers op de Bald’r

logo.ensafh

Op Teaterskip de Bald’r dragen drie Friese schrijvers voor uit eigen werk, op uitnodiging van Ernst Bruinsma van opinietijdschrift De Moanne. Tijdens Explore luister je naar (korte) voordrachten van Tsead Bruinja, Anne Feddema en Willem Schoorstra.

Tsead Bruinja is dichter van Friestalige en Nederlandstalige poëzie. Zijn eerste twee bundels gaf hij in eigen beheer uit. Zijn bundel Dat het zo hoorde werd genomineerd werd voor de Jo Peters Poëzieprijs. Tsead treedt op met saxofonist Bob Driessen (voorheen Volharding en het Willem Breuker Collectief).

Anne Feddema is een Friese dichter, schrijver en beeldend kunstenaar. Hij won in 2009 de Gysbert Japicxpriis (de hoogste erkenning voor Friese literatuur van de provincie Friesland) voor zijn bundel Reidhintsje op’e Styx.… Lês fierder

Aginda 24-11-16: Presintaasje ‘Nei Berlyn’ fan Bennie Huisman

logo.ensafh

In ferhalebondel mei CD fan Bennie Huisman. Tresoar, Ljouwert.

Berlyn is hjoed-de-dei ‘a place to be…’ It is in magneet, foar minsken út de hiele wrâld, foar toeristen en foar oaren, dy’t der wenje, wurkje of studearje wolle. Bennie Huisman reizge de ôfrûne jierren geregeld nei de stêd, allinne of mei oaren.

Sjoch foar mear ynfo by TresoarLês fierder

Aginda 04-12-16: Presintaasje njoggende boek fan Cornelis van der Wal

logo.ensafh

wolf
Utnoeging

Graach noeget Utjouwerij Hispel dy/jimme út foar de presentaasje fan Cornelis van der Wal syn njoggende boek, de dichtbondel Wolf yn harnas.
It sil heve op snein 4 desimber 2016 om 16 oere yn café ‘t Lieverdje, Baginestrjitte 63, 8911 DN, neist it earder Poppoadium Romein, yn Ljouwert. Ynrin om 15.30 oere.
Der sil in koart literêr programma wêze mei Anne Feddema, Henk van der Veer, Dirk Geerdink en fansels Cornelis van der Wal.

Allegear fan herte wolkom!

Piter Boersma útjouwer Hispel
Cornelis van der Wal

Klik hjir foar de lokaasje fan Café ‘t Lieverdje.… Lês fierder

Aginda 14-11-16: ‘de Moanne Live’ mei Tryater yn Snits

logo.ensafh

No moandei 14 novimber wer in hiele bysûndere Aan tafel! Diskear ‘de Moanne Live’ mei Tryater yn Lewinski yn Snits.
Tryater spilet op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De Wierheid fan Wylgeragea‘. It stik giet oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en ûnwissigens.
Tidens Aan tafel! snije wy dit tema, dat ek yn Snits en omjouwing spilet, alfêst oan mei in programme yn gearwurking mei ‘de Moanne’ en teaterselskip Tryater.

Sjoch foar mear ynfo by de MoanneLês fierder

Aginda 25-11-16 Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

FreMiBu foar skriuwers en dichters

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De tredde FreMiBu jg 16/17 is op freed 25 novimber.

Wa’t it dizze kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke lêste freed fan de moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid.… Lês fierder

Aginda 22-11-16: Lêzing Eric Hoekstra oer literatuer yn de Midsiuwen

logo.ensafh

Op de hjerstlêzing op 22 novimber sil Eric Hoekstra sprekke oer nijsgjirrige literatuer yn de Midsiuwen (der wiene doe mear skriuwers as Gysbert Japicx). Hoekstra is taalkundige by de Fryske Akademy en hat it boek Midfrysk Goud skreaun. Muzykgroep Kapriol dy’t muzyk makket op grûn fan teksten út de Midsiuwen, is op de jûn oanwêzich om it ferhaal fan Hoekstra muzikaal krêft by te setten.
>>>

De jûn set om 20.00 oere útein.
Fergees foar Freonen fan Tresoar, oaren betelje € 5,00.

Opjaan kin by TresoarLês fierder