Op 6 juny organisearret Lingotell in ynspiraasjesesje foar boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis, studinten, dosinten en oare belangstellenden. Dy middeis wurdt yn Tresoar it ferhaal de Wylde Boerinne op ‘e nij ferteld. Dat wurdt dien mei presintaasjes en workshops fan Froukje Sijtsma (Ferhalemakker), Annalies Outhuijse (Makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (Regisseur) en Douwe Kootstra (Folksferhalekenner).
Wylde boerinne
It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op.… Lês fierder