Aginda 08-04-16: Galerie de Roos van Tudor, Herdenking Sterfdag Reve

logo.ensafh

Anita van Os en Teigetje & Woelrat nodigen u van harte uit voor een herdenkingsbijeenkomst in Galerie de Roos van Tudor op vrijdagavond 8 april aanstaande, ter gelegenheid van de sterfdag van Gerard Kornelis van het Reve op zaterdag 8 april 2006, dan precies tien jaar geleden.

Teigetje en Woelrat lezen brieven, gedichten en fragmenten uit het werk van Gerard voor. Teigetje en Woelrat maken speciaal voor deze bijzondere gelegenheid een nieuw klein ontwerp en een nieuwe, toepasselijke ‘oneliner’ van Gerard, over de Dood. Bovendien zijn er die vrijdagavond authentieke foto’s te zien en te koop, geprint op A3 formaat, onder andere van zeldzame brieven.… Lês fierder

Aginda 20-05-16: Bondelpresintaasje Reade triedleas/Red wireless fan Sigrid Kingma

logo.ensafh

564456_982110895206627_521644313926061306_n

Programma:

19:30: Ynrin.
20:00: Presintaasje fan de debútbondel fan en troch Sigrid Kingma mei Joost Oomen, Elmar Kuiper en Arjan Hut.
20:30: Greetje Bijma mei gedichten fan R.R. van der Leest.

Yntree is € 5-. Dat is foar de artysten. Dêrtsjinoer binne de hapkes fergees en is it drinken net djoer.

Typearing fan de bondel

De bondel hat de titel Reade triedleas wat sawol op de ynhâld as op de foarm fan de bondel fan tapassing is. De reade tried fan it libben is ferbylde yn de opbou fan de bondel dy’t ynearsten frij tafallich liket. De reade tried is ek in ynfús foar in bloedtransfúzje, in ferwizing nei in sykteferline.Lês fierder

Aginda 17-04-16: Tij, taoide, tide yn Marrum

logo.ensafh

De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de ‘residencies’ fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Oare Wurden/Beste Hitzak (beide projekten fan Donostia-San Sebastián Kulturele Haadstêd 2016) .

In tal Fryske skriuwers sil op dizze middei út eigen wurk foardrage, de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin fertelt oer har ûnderfiningen yn Fryslân, der is muzyk fan De Tigers fan Greonterp, der is in performance fan de keunstners Kaneli & Smit mei de band Skelectief en jo kinne yn ‘e kunde komme mei de skriuwers dy’t meidogge oan it Other Words-projekt: Réaltán Ní Leannáin en André Looijenga.… Lês fierder

Aginda 12-05-16: Kom bried mar op myn lân

logo.ensafh

Kom bried mar op myn lân

Elmar Kuiper

de Moanne en Noorderbreedte nûgje dy út foar in jûn live yn de greide. Op 12 maaie 2016 binne wy te gast yn it lân fan boer Murk Nijdam yn Wommels, om te harkjen nei greidefûgels en poëzy.

Fûgels: skries, ljurk, ljip, tsjirk, strânljip ensfh. Dichters: Simon Oosting, Elmar Kuiper en Willem Tjebbe Oostenbrink.

Tagong: 10 euro. Opjefte by: s.wijngaarden@afuk.nl. Der is beheind plak, dus jou dy wol op!… Lês fierder